FIDEO: De dei fan Remkes en de reaksjes op it stikstofrapport

De dei fan Remkes mei reaksjes
It wie de dei dat Johan Remkes syn stikstofrapport presintearre. Dêryn advisearret er om fêst te hâlden oan de deadline fan 2030, as it giet om it werombringen fan de stikstofútstjit mei de helte.
Ek moatte op koarte termyn 500 à 600 pykbelêsters, bedriuwen dy't in hiel soad stikstof útstjitte, útkocht wurde. Dat soe oare bedriuwen yn de belutsen sektoaren romte jaan. De polityk yn Den Haag, mar ek yn Fryslân reagearre foarearst posityf.