Lanlike ophokplicht fan krêft fanwegen oplibbing fûgelgryp

Piken © ANP
Fanwegen in oplibbing fan de fûgelgryp hat de minister fan Lânbou Piet Adema in lanlike ophokplicht ôfkundige. It betsjut dat al it plomfee yn hiel Nederlân binnenholden wurde moat.
De ophok- en ôfskermplicht jildt foar plomfee en oare fûgelsoarten. De plicht jildt net allinnich foar kommersjele hâlders, mar ek foar hobbyhâlders. "Het hoge aantal besmettingen maakt helaas duidelijk dat extra voorzorg nodig is", skriuwt Adema.

Fryslân

De ôfrûne moannen bruts de fûgelgryp al op ferskate plakken yn en om Fryslân hinne út. De lêste útbraak wie flak oer de grins yn Oldekerk, wêrtroch't al in ferfiersferbod jilde yn de gemeente Achtkarspelen.