Fryske politisy oer rapport Remkes: "Dit jout perspektyf foar de boeren"

Steatelid Wopke Veenstra © Omrop Fryslân
De earste reaksjes fan Fryske politisy op it stikstofrapport fan Johan Remkes binne posityf. Wopke Veenstra (FNP) sjocht nei oanlieding fan de oanbefellingen fan Remkes wer mear takomstperspektyf foar de agraryske sektor.
De Fryske listlûker fan it CDA, Friso Douwstra, fynt dat Remkes goed nei de mienskip en nei de boeren harke hat. "Dat wie hiel dúdlik sichtber. It wurk dat de minister al foar de simmer dwaan moatten hie, hat hy no dien."
Remkes hat neffens him ek fêststeld wêr't it proses better kin, en beneamd wêr't de pine sit. "It is wichtich dat as je pine hawwe, de oare partij, de oerheid, dat ek erkent. Dan kinst wer yn petear. Dat is it wichtichste, it giet net allinnich oer siferkes, it giet om húshâldings en ús Fryske mienskip."
Johan Remkes die ek de oanbefelling om yn 2025 en 2028 nochris te sjen nei de helberens fan de doelen yn elk gebiet. Douwstra sjocht dêryn romte om de deadline fan 2030 op te skowen, mocht dat nedich wêze. "De tiid is net it hillige punt, de ynhâld is it wichtichste."
Friso Douwstra reagearret op it stikstofrapport fan Remkes
Steatelid Wopke Veenstra fan de FNP seit ek wiis te wêzen mei de útspraken fan Remkes. "Dit jout perspektyf foar de boeren. Ik hoopje dat de jonge agrariër in takomstperspektyf krijt mei dit ferhaal fan Remkes foar de kommende tritich jier."

Stikstofkaartsje

It perspektyf sit him neffens him yn de romte dy't PAS-melders en ynterimmers fan Remkes krije moatte. "En Van der Wal hat ek befêstige dat it kaartsje fuortgiet. Ik tink dat dat in enoarme winst is foar de agraryske sektor."
Dat sa'n fiif- oant seishûndert pykbelêsters útkocht wurde moatte om foar dy romte te soargjen, fynt Veenstra gjin probleem. "As dat mar op frijwillige basis is."
Wopke Veenstra sjocht mei stikstofrapport takomstperspektyf foar agraryske sektor
"Wis sille agraryske bedriuwen it paad romje moatte om romte te kreëarjen. Ik hoopje dat it yn goed oerlis giet, op frijwillige basis. En dat se mei in goede beurs jild komme."

Dudlikens

"Ik tink dat de boeren fierder kinne no't Remkes dúdlik west hat nei de sektor ta", seit Veenstra. "Hy hat ek sein dat oare sektoaren yn Nederlân oan stikstofreduksje dwaan moatte, dat it net allinnich by de agraryske sektor weikomme hoecht."
Oer it algemien is Veenstra optimistysk nei oanlieding fan it stikstofrapport. "It like oergryslike slim foar de agraryske sektor. It is noch hieltyd gjin wielde, mar it jout wol wat takomstperspektyf foar de agraryske ûndernimmers."
Trienke Elshof oer it rapport fan Remkes
"Wy tinke wol dat dy twa mominten yn 2025 en 2028 nedich wêze sille", seit Trienke Elshof fan LTO Noord. De lân- en túnbouorganisaasje seit al in skoft dat 2030 loslitten wurde moat. Dat is net feroare. "Wy doarre wol te foarsizzen dat 2030 net helber is."

Kritike punten

Elshof wit noch net hoe oft it rapport fallen is by de leden. Dat sil moarn hifke wurde. Yn it rapport steane saken dêr't LTO him hurd foar makke hat, mar ek "kritike punten", seit de foarsitter.
Ien fan dy kritike punten foar LTO is de útkeap fan 500 à 600 pykbelêsters. "Remkes hat net sein oan hokker kritearia in pykbelêster foldocht. Der sitte no miskien wol tûzen boeren yn ûnwissens."
Deputearre Klaas Fokkinga oer rapport Remkes
In wichtich aspekt dat Deputearre Klaas Fokkinga út it rapport fan Remkes hellet is dat de partijen mei syn allen om tafel moatte om it stikstofprobleem oan te pakken. "Hy hat oanjûn hoe kompleks oft it is, dat it minsken rekket, mar hy freget ek om aksje."
Remkes advisearret om sjen te bliuwen nei gebietsprosessen en ek om op bepaalde mominten te sjen hoe't it yn elk gebiet giet. "Wy binne der hiel bliid mei dat it gewoan yn de gebieten plakfine kin. Dan komme wy tink ik in hiel ein."

Fryske pykbelêsters

It advys fan Remkes om rap grutte útstjitters fan stikstof op te keapjen wurdt neffens de Deputearre noch in opjefte. Hy wit net hoe bot oft dit plan Fryske pykbelêsters reitsje sil. "Wy ha der twa yn ús provinsje: de REC en de Sonac. En wy ha earne yn ús provinsje twa feebedriuwen dy't yn de top 100 steane."