Minister fan Lânbou Adema: "Wol deeglik takomst foar lânbou yn Nederlân"

Piet Adema © ANP
Piet Adema, de nije minister fan Lânbou, sjocht it advys fan 'stikstofbemiddeler' Johan Remkes as in earste stap om te kommen ta in takomstbestindige agraryske sektor. "Der is wol deeglik takomst foar de lânbou yn Nederlân."
Adema is krekt twa dagen minister. Nei eigen sizzen hat hy in protte blommen krigen, mar it rapport fan Remkes wie "it moaiste kado dat je krije kinne". Hy is bliid dat it rapport der yn elk gefal is. "No leit it rapport der, no kinne we oan 'e slach, no kinne we mei-inoar prate, no kinne we yn it kabinet oan it praten en no kinne wy mei de boeren de gearwurking opstarte."
"Dêr't ik ek bliid mei bin, is dat Remkes wurden jout oan de ûnrêst", seit Adema. "En oan it gebrek oan fertrouwen, en de tsjinstelling tusken stêd en plattelân. Dat sprekt my natuerlik as Fries kommend fan it plattelân ôfgryslik oan. Ik bin bliid dat dat beneamd wurdt."
Reaksje fan Lânbouminister Piet Adema op it rapport fan Remkes
By syn beëdiging as minister sei Adema dat hy oan in nije takomst foar de lânbou yn Nederlân wurkje wol. Adema sjocht dêr mei it advys fan Remkes foldwaande mooglikheden foar. "Ik tink dat it rapport moaie boustiennen hat om mei de sektor, de keten en de natuerorganisaasjes te wurkjen oan dy nije takomst."
Yn it rapport beneamt Remkes it skeinde betrouwen fan in grut part fan de mienskip yn de polityk. Adema wiist ek op de kleau tusken Den Haag en it plattelân.
"Ik tink dat wy as oerheid yn de spegel sjen moatte, want wy ha der mei de feroarsaker fan west", seit Adema dêroer. "Dit is no krekt de reden wêrom't ik út Fryslân kaam bin om hjir as minister foar jo te stean, want ik wol just dêr wat oan dwaan kinne."

It lân yn

Adema wol no it lân yn om mei boeren te praten oer it rapport. "It respekt foar de boeren stiet by my boppe-oan. Ik realisearje my hiel goed dat der yn it rapport fan Remkes foar in soad minsken positive berjochten sitte, mar der sitte ek grutte beslissingen yn dy't bedriuwen, famyljes en generaasjes djip reitsje. Litte we dêr ek each foar ha."
"Ik hoopje dat hjoed in earste stap is op wei nei werstel fan fertrouwen, mar ek in earste stap op wei nei in fernijde gearwurking tusken de agraryske organisaasjes, de ketenpartners en de natuerorganisaasjes om te kommen ta dy takomstbestindige lânbou. Ik bin tige motivearre om dêr in beskieden bydrage oan leverje te meien", slút Adema ôf.

De Groot tefreden oer rapport

Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan Wâldsein spruts fan "goede, doordachte adviezen" yn it rapport fan Remkes. Hy wiist derop dat it doel bliuwt om de stikstofútstjit mei de helte werom te bringen yn 2030. "Niet omdat het populair of makkelijk is om die doelen te halen, maar omdat het cruciaal is voor ons land."
Jesse Klaver is posityf oer it stikstofrapport fan Remkes
Ek Jesse Klaver fan GroenLinks is posityf oer it rapport fan Remkes. "Ik vind het een verstandig rapport. De doelen staan gewoon overeind, hij geeft aan waar ruimte is. Volgens mij was die ruimte er al, maar ik zie nu ook dat boeren daar positief op reageren. Dus daar ben ik blij mee."

"Positief verrast"

Caroline van der Plas fan de BoerBurgerBeweging is "echt heel positief verrast" mei de erkenning en wurdearring dy't boeren krije yn it rapport. "Ik ben ook heel positief over het feit dat het kabinet hier toch echt een flinke veeg uit de pan krijgt, doordat ze veel te veel die focus op die boeren hebben gezet en dat er te veel is gepolariseerd.
Yn it rapport stiet dat de stikstofreduksje ek behelle wurde kin mei oare maatregels en dat oare sektoaren dêr ek ferantwurdlik foar makke wurde moatte. "Dat is meer dan boeren ooit hier hebben gehoord de afgelopen jaren", seit Van der Plas.
Caroline van der Plas is bliid mei de erkenning en wurdearring foar boeren yn it rapport
It stikstofrapport fan bemiddeler Johan Remkes hat positive kanten, mar der binne ek saken "waar we ver van weg moeten blijven". Dat seit foaroanman Bart Kemp fan boere-aksjeklup Agractie yn in earste reaksje op it rapport.
Benammen twongen ûnteigening falt by Kemp min. "Uitkoop mag absoluut niet gedwongen gebeuren", seit er dúdlik. Om nije boere-aksjes oan te kundigjen is it noch te betiid, fynt Kemp lykwols. "We wachten eerst af waar het kabinet mee komt. Ik ga ervan uit dat ze dat zelf ook beseffen."