HEA! Switte yn it strie: Boercamp!

HEA! Boercamp yn Aldetrine
Trekkerbannen, striepakken, boarnamers; alles fan de buorkerij wurdt brûkt by de bootcamptraining op it hiem fan Janneke Huisman út Aldetrine. 'Boercamp' neamt se it dan ek.
Janneke wie ferpleechkundige, mar twa jier lyn rekke se út it wurk troch in burn-out. Doe realisearre se har dat se sporten hiel moai fynt en dat se dêr dus wat mei dwaan woe. En op it hiem en yn de stâl fan de pleats is genôch romte. Tsientallen froulju komme no jûns mei in soad wille by Janneke te sporten.