Dyk troch it Fochtelerfean ticht fanwege oerstekkende reptilen en amfibyen

In hagedis yn de Fochtelerfean © ANP
De dyk troch Natura2000-gebiet it Fochtelerfean is de kommende dagen tusken 9:00 en 18:00 oere ticht om reptilen en amfibyen de kâns te jaan om feilich de dyk oer te stekken.
Op de dyk is it gewoanwei aardich drok mei ferkear. Dat wylst reptilen en amfibyen de dyk meardere kearen yn it jier oerstekke om by de wetteren yn it heechfean te kommen.
Dyk troch it Fochtelerfean ticht fanwege oerstekkende reptilen en amfibyen
Troch it moaie hjerstwaar komme de bisten no yn beweging. Dat hat al in protte slachtoffers opsmiten: yn de ôfrûne dagen binne al 57 slangen deariden.
De gemeente Eaststellingwerf en Natuurmonumenten hawwe yn it kader fan de wetlike soarchplicht foar floara en fauna no besletten om de dyk ôf te sluten. Ferkearsregelers sille by de dyk stean om minsken te ynformearjen oer de ôfsluting.