Oehoe werom yn Fryslân: "Se ite stikelbargen mei nullen en al"

In oehoe © ANP
De oehoe komt hieltyd faker foar, ek yn Fryslân. Neidat yn 2019 it earste pear fan dizze grutte ûlesoart yn it Drents-Friese Wold sjoen waard, nimt it tal waarnimmingen fan it bist yn it gebiet ta.
Trije jier lyn wienen der yn hiel Nederlân 38 pearkes. Dat oantal rint no oeral op. Op dit stuit binne it der 54. Yn Drinte binne seis pearkes teld. De ferwachting is dat der ek mear yn Fryslân komme.
Oehoe werom yn Fryslân: "Se ite stikelbargen mei nullen en al"
Doe't de earste melding kaam, gie boskwachter Widmar van der Meer yn it gebiet op syk. "We hawwe in nêst fûn. Doe fleach yn ien kear in oehoe mei in spanwiidte fan ûngefear ien meter tachtich út de beam. Krekt sa grut as dat ik bin. Dat wie in spektakulêre ûnderfining."

In opportunist

It pearke hat trije jongen grutbrocht, mar om ferskillende redenen is dat nei 2019 net mear slagge. Dochs sil de oehoe him hjir wol festigje. "De oehoe is in opportunist, dy't op ferskillende plakken libje kin. Hy jaget bygelyks achter boerehiemen en se ite ûnder oaren rotten en houtdowen", wit Van der Meer.
"Ik haw ek braakballen fûn. Dy binne te werom te kennen, omdat se folle grutter binne as dy fan oare rôffûgels. Dan kinst moai sjen dat se ek stikelbargen mei nullen en al ite. Fierder haw ik komplete skeletten fan brune rotten en stikken fan wylde ein fûn."