De toan fan Froukje Sijtsma: "Healwize beamhutferhalen"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Der is wat bysûnders mei de 68ste edysje fan de Kinderboekenweek dy't hjoed úteinset. It berneboekewikegeskink, dat je krije by de oankeap fan in berneboek, ferskynt dit jier foar de alderearste kear neist it Nederlânsk ek yn it Frysk.
Oant snein 16 oktober kinne bern harren mei it tema 'Gi-ga-groen' bedobje yn spannende ferhalen út de natuer. It Frysktalige boekewikegeskink 'Healwize beamhutferhalen', oerset troch Martsje de Jong, past fansels perfekt yn dat tema.
De toan fan Froukje Sijtsma
Mar der is noch wat opmerkliks. It kadoboek is nammentlik earst yn it Ingelsk makke. 'Tales from the Treehouse' is skreaun en yllustrearre troch de Australyske bestsellerskriuwers Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre searje 'Waanzinnige Boomhutverhalen'. It Nederlânsk- en Frysktalige berneboekewikegeskink is dus oarspronklik Ingelsktalich. En ek dat is de earste kear yn de skiednis fan de Kinderboekenweek.
It is opmerklik dat der keazen is foar in oersetting út it Ingelsk yn stee fan in orizjineel Nederlânsktalich boek. Hoe kin it dat skriuwers en yllustrators út Nederlân sels dy opdracht net krigen hawwe? Want dy binne der fansels mear as genôch yn dit lân.
De Kinderboekenweek is in inisjatyf fan de Stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek, dy't himsels ta doel stelt dat minsken mear Nederlânsktalige boeken lêze. In hiel moai stribjen, om't bern en âlden hieltyd minder lêze en minder faak nei de biblioteek tagean. It wurdt lykwols net dúdlik oft dy stichting it ek belangryk fynt dat dy boeken orizjineel Nederlânsktalich binne.
Foaropsteand: ik haw neat tsjin goede oersettings. Yn myn boekekast haw ik neist oarspronklik Nederlânsk- en Frysktalige berneboeken ek in soad Fryske oersettings stean. Bygelyks dy fan Jip & Janneke fan Annie M.G. Schmidt. Of Pippi Langkous, de Bruorren Liuwehert en Ronja de Rôversdochter fan Astrid Lindgren út it Sweedsk. Of de Grutte Freonlike Reus en Jappy en it sûkeladefabryk fan Roald Dahl út it Ingelsk wei. Ik fyn it prachtich dat wrâldferneamde berneliteratuer ek beskikber is yn it Frysk.
Ik fyn it in goeie saak dat bern en âlden oanmoedige wurde om mear te lêzen. En fansels begryp ik dat it makliker is om minsken te motivearjen mei populêre boeken as mei ûnbekender wurk. Dochs fyn ik it skande dat Nederlânske skriuwers en yllustrators dit jier de kâns net krigen hawwe om it kadoboek te fersoargjen.
En krekt dêr leit in taak foar skriuwer Tialda Hoogeveen. Moandei waard bekend dat sy de nije Fryske berneboekeambassadeur wurdt. Se nimt yn jannewaris it stokje oer fan berneskriuwer Lida Dijkstra, dy't har trije jier lang ynset hat om Fryske berneboeken ûnder de oandacht te bringen by skoalbern, âlden, skoallen en boekwinkels.
Op Omrop Fryslân fertelt Tialda Hoogeveen dat se der fan oertsjûge is, dat der foar elk bern in geskikt berneboek bestiet. Se sjocht it as in grutte útdaging om Fryske boeken oan de man te bringen. En wa wit is se sa suksesfol dat der folgjend jier wer in Frysk tintsje hinget oan it berneboekewikegeskink fan de Kinderboekenweek. Mar dan mei in Nederlânske oersetting fan in oarspronklik Frysktalich boek. En miskien wurdt dy ek noch wol nei it Ingelsk oerset..."