Skea troch de wolf moat earder fergoede wurde, fynt wolvekommisje

Kommisjefoarsitter Harry Oosterman © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It fergoedzjen fan de skea troch wolven moat flugger. Dat is it advys oan de beliedsmakkers dy't it nije wolveplan opstelle moatte.
It âlde plan is fan 2019. Doe wienen der in pear wolven yn Nederlân. Yntusken binne der fyftjin wolven, benammen op de Veluwe en op de grins fan Drinte en Fryslân. Fjouwer pearkes hawwe minimaal sechtsjin welpen en der binne de ôfrûne simmer tsien swalkwolven sjoen op syk nei in territoarium.

Emoasjes rûnen heech op

Yn it Interprovinciaal Wolvenplan komme de ôfspraken dy't de tolve provinsje meitsje oer de omgong mei de wolf. Ek it Landelijk Overleg Wolf wurket mei oan it nije plan. Dat sil takom jier nei bûten komme. Dat duorret neffens guon minsken, benammen feehâlders, wol lang, sa die bliken op in gearkomste oer it tema moandeitejûn yn Diever. Dêr wie ek Harrry Oosterman, foarsitter fan de wolvekommisjes fan Fryslân en fan Drinte by. Hoe't wolf, minske en fee mei elkoar libje kinne, is kompleks
"Ja, it is yngewikkeld en je hawwe mei emoasjes te krijen. Op de byienkomst kamen 150 minsken ôf en 800 folgen it fia ynternet. De emoasjes rûnen heech op. Net allinnich by skieppehâlders, mar ek by minsken út de doarpen sels, dy't mei fragen sitte. Kin ik jûns noch wol mei de hûn nei bûten en hoe sit it mei de bern? Dus it wurdt yn dy streek ûnderfûn as in grut probleem."

Beskermjen is djoer

Ien fan de oanbefellingen is om arbeid en de ferfolchskea te fergoedzjen, sadat bedriuwen oerein bliuwe kinne. "It grutste probleem sit by de grutte hâlderijen mei hûnderten skiep", leit Oosterman út. "Dy moatte dan hieltyd wer in stik ôffreedzje en dat kostet in soad tiid en arbeid. Dat is eins net te dwaan."
"Ik spruts mei in frij jonge man. Dy hie fjouwerhûndert skiep en dy hie útrekkene wat it kostet om dy allegear te beskermjen", giet Oosterman fierder. "Dan komst tusken de 50.000 en 80.000 euro út. Dat is foar sa'n bedriuw ûnmooglik. Je sjogge yn it súdwesten fan Drinte dat minsken der gewoan mei ophâlde, omdat it folslein net mear rendabel is. En emosjoneel hawwe se it ek swier om elke dei wer te sjen hoefolle der deabiten binne."

"Dna-proses oerslaan"

Neffens Oosterman wie der terjochte krityk op it feit dat it lang duorret foardat der skea útbetelle wurdt. De wolvekommisjes stelle foar om dat flugger te dwaan. "Dyjinge dy't it needsaaklike dna-ûndersyk dwaan moat, sjocht wol oft it in wolf is dy't skea feroarsake hat. As dy oanjout: it is 99 persint wis dat it in wolf is, betelje dan gewoan út."
As achterôf bliken docht dat it dochs gjin wolf is, dan giet it neffens de kommisje om sokke lytse getallen, dat it kwa jild neat foarstelt.
Op fragen oer subsydzjes en it goed oanlizzen fan stekken kin de wolvekonsulint antwurd jaan. Oosterman riedt oan om op de website fan de provinsje te sjen hoe't dy helpe kin.