Boeren wachtsje yn spanning op Remkes: fiif fragen oer de stikstofkwestje

Ferslachjouwer Gerrit de Boer jout antwurd op fiif fragen oer de stikstofkwestje © Omrop Fryslân
Der stiet in spannende dei te wachtsjen foar de agraryske sektor. Nei in protte petearen komt Johan Remkes om 13.00 oere mei syn stikstofrapport. Ferslachjouwer Gerrit de Boer set de hiele kwestje nochris punt foar punt op in rige.

1. Wat kinne we ferwachtsje fan it rapport Remkes?

"It útgongspunt is dat hy mei in plan komt om de stikstofútstjit yn ús lân omleech te bringen op in wize dy't foar de polityk likegoed as de agraryske sektor akseptabel en útfierber is. Begjin juny presintearre it kabinet in stikstofkaart dêr't foar alle regio's de persintaazjes opsteane. Dy kaart hat soarge foar in soad argewaasje by de boeren.
Boeren en de polityk ha al moannen fjochteraasjes oer dit dossier. Remke hat de ôfrûne wiken mei alle belutsen partijen sprutsen en komt no mei syn rapport en oanbefellingen. Om 13.00 oere is in parsekonferinsje, dêr't hy syn befiningen bekend meitsje sil. Yn 2020 hat Remkes ek al in rapport skreaun oer stikstof, mei as titel 'Niet alles kan overal.'
Ik tink dat de útkomsten fan it kommende rapport net in soad ôfwike sille fan it earste rapport Remkes. Dêr is in protte tiid yn stutsen. Boppedat soe it de status fan it earste eksimplaar ûndermynje. It hjoeddeistich kabinetsbelied is foar in grut diel basearre op dat earste rapport fan Remkes."

2. Wêrom hat it kabinet Remkes ynskeakele?

"De protesten rûnen út de hân. Sa sochten boeren it hûs op fan stikstofminister Van der Wal, waarden sneldiken blokkearre, en bruts op ferskate plakken opskuor út. It slagge net om de geast wer yn de flesse te krijen. Sterker noch, de spanningen namen allinne mar ta.
Der moast dus wat barre. Lang om let waard Johan Remkes wer út de hege hoed helle troch Mark Rutte. Remkes waard yn it ferline faker derby helle as der in krisis wie.
Hy stiet bekend as in pragmatyske man, dy't respekt ôftwingt. Dat docht er no ek. Sels by de nochal radikale Farmers Defence Force. Remkes kriget de opdracht de partijen by inoar te bringen, want dêr is driuwend ferlet fan."

3. Sil it kabinet de advizen fan Remkes folslein opfolgje?

"Der wurdt tocht dat de befiningen in flinke rol spylje by de konkrete ferfolchstappen. It is net dúdlik wannear't dizze stappen krekt útfierd wurde moatte, mar ik ferwachtsje oer inkelde wiken.
De nije minister fan Lânbou, Piet Adema, sil it rapport brûke om de langferwachte perspektyfnota foar de boeren te skriuwen. Syn foargonger Henk Staghouwer, dy't in pear wiken lyn syn funksje dellein hat, is dêr nea yn slagge. Syn ferzje waard troch de Keamer 'ondermaats' neamd.
Nei de perspektyfbrief kinne de provinsjes echt oan de slach. Sy sille plannen meitsje moatte nei oanlieding fan de doelstellingen dy't der aansten lizze. Dat sil in flinke opjefte wêze.
Op provinsjaal nivo sil der aanst wat romte wêze foar in eigen ynfolling. Allinne, as de iene provinsje mear stikstof útstjitte wol, sil de oare ynleverje moatte. It moat yn balâns bliuwe. Oars wurdt it stikstofdoel ommers net helle."

4. Wêrom is stikstof in probleem?

"Stikstof is in gas dat op ferskate manieren frijkomme kin. Troch auto's, frachtweinen en de yndustry, mar ek as stront en miichsel fan kij by inoar komme. En te folle stikstof soarget foar problemen. Planten ha stikstof nedich, sa't se groeie kinne. Neffens guon wittenskippers groeie guon planten troch stikstof sa hurd, dat oare plantesoarten yn de ferdrukking komme.
Dat hat gefolgen foar it bioferskaat. Ynsekten en planten kinne hjirtroch ferdwine. Dêr ha de fûgels dan wer lêst fan, om't sy minder of gjin fretten mear fine kinne.

Yn 2019 stapte de miljeu-aksjegroep Mobilisation for the Environment (MOB) nei de rjochter. Sy fûn dat it kabinet yn aksje komme moast om de útstjit omleech te bringen. De rjochter gie dêr yn mei.
Dizze útspraak hat grutte gefolgen foar de boeren. Sy ha trije opsjes: harren pleats ferduorsumje, ferhúzje nei in oar plak fierder fan de natuer, of ophâlde mei it bedriuw. Dat sette kwea bloed by de boeren. Mei alle protesten as gefolch."

5. Foar hoefier is Remkes slagge mei syn misje?

"Ynearsten wie der grutte wjerstân tsjin Remkes, om't hy neffens boere-organisaasjes te folle ferbûn wêze soe oan de VVD én te partidich wêze soe. Mar Remkes bleau stoïsynsk en hat lang om let dochs mei alle belutsen partijen om tafel west. Boere-organisaaasjes, it kabinet, de yndustry, natuerorganisaasjes, wittenskippers: allegearre koene se harren ferhaal dwaan. Allinne de supermerken en suvelkonserns ha net by him del west.
De rol fan Remkes is yntusken opmerklik feroare. Yn earste ynstânsje waard er oansteld as petearlieder. Mar dat liket no dochs oars te lizzen. Neffens it kabinet is hy gjin bemiddeler, mar dêr begjint it dochs wol wat op te lykjen. Den Haag wachtet mei klam op de befiningen fan Remkes foar it ûntwikkeljen fan fierder belied. Dat betsjut dat syn befiningen gewicht hawwe."