Giet Holwert oan See wol of net troch? "Wy sitte no yn de finale"

Gearkomste foar Holwert oan See © Bote Sape Schoorstra
Der brekke spannende wiken oan foar de inisjatyfnimmers fan Holwert oan See. Nei jierrenlange planmakkerij en ûndersiken moat ein novimber dúdlik wurde oft it wol of net trochgiet. Mar oer hoe't it aansten mei behear en ûnderhâld komt, is lykwols noch hieltyd gjin ienriedigens.
"Dy petearen rinne noch folop", neffens Marco Verbeek fan de stichting Holwert oan See. "Wy witte wol ûngefear hokker partijen dat gewoanwei dogge, mar dêr kinst net altyd fanút gean. Wy moatte noch stappen sette."
De ôfrûne moannen is de saneamde 'natuerlike fariant' fan Holwert oan See fierder útwurke. Yn it lêste plan sitte in befarbere trochgong yn 'e seedyk, in tijmar en in ferbining mei de Holwerter Feart.
Giet Holwert oan See wol of net troch?
De rûsde kosten foar de oanlis fan Holwert oan See lizze yntusken in stik heger: tusken de 85 en 90 miljoen euro. Earder waard tocht oan in bedrach fan 63 miljoen euro. Neffens de inisjatyfnimmers kinne de ynvestearrings yn de takomst lykwols weromfertsjinne wurde.

Feardaam

It mooglik ferpleatsen fan de feardaam fan Holwert nei Ferwert, dêr't Rykswettersteat op dit stuit ûndersyk nei docht, hoecht neffens Verbeek gjin negative ynfloed op it projekt te hawwen. Ek al soe Holwert dan hûnderttûzenen reizgers kwytreitsje. "Dy minsken ha wy no eins ek al net, dêr rekkenje wy net mei yn Holwert oan See. Amelân is in bestimming op himsels. Mar sa't wy it no ynskatte, bliuwt de pier by Holwert."
Ynwenners fan Holwert waarden tiisdeitejûn bypraat oer de stân fan saken. Sy witte as it goed is ein novimber oft it projekt trochgean kin, en yn hokker foarm dat dan krekt is.

Polityk

"Wy sitte no yn de finale. Dêrnei leit de bal by de polityk", neffens Verbeek. Provinsjale Steaten sil nei alle gedachten begjin takom jier in beslút nimme oer Holwert oan See.