Bistedokter presintearret nij boek tusken de bisten: oer in SM-knyn en 'Mark Rutte'

Bistedokter Wiersma © Omrop Fryslân
In pittige hamster, in SM-knyn en in hûn mei de namme Mark Rutte; it binne allegear ferhalen fan bistedokter Menno Wiersma. Hy hâldt op en hat fan al syn aventoeren mei de bisten in boek makke.
Op wrâldbistedei presintearret hy syn boek Elke Dag Dierendag yn Warten. En de bisten binne dêrby.
boekpersintaasje
Under de namme 'De Bistedokter' ferskynden jierrenlang yn ferskate streekblêden en doarpskrantsjes de bisteferhalen fan Menno Jan Wiersma. Op lokaasje of yn syn praktyk yn Grou makke hy grappige, oandwaanlike en serieuze situaasjes mei de bisten en har baaskes mei.