Opknapte mûne Fatum by Tsjom draait noch net fanwege gebrek oan mûnder

Mûne Fatum by Tsjom © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De mûne Fatum by Tsjom is yn eare hersteld, mar draaie kin er noch net. Der is ferlet fan frijwillige mûnders dy't de mûne betsjinje kinne.
De mûne tsjinnet as pompsysteem om de wetterstannen op peil te hâlden. Ofrûne jierren wie er bûten tsjinst, want der wiene dielen stikken. It Wetterskip woe graach dat de mûne wer aktyf waard.
Mei elkoar is foar 80.000 euro ferboud, mei stipe fan It Wetterskip, de provinsje en fûnsen.
Mûne Fatum
"De skroeven dy't it wetter rûnpompe, wiene wat oan harren ein en wiene wat te koart", seit Thiadrik Twerda. Hy is foarsitter fan Stichting monumenten Waadhoeke. "Der is ek grûnwurk útfierd en it hek foar de mûne is folslein fernijd."
Hast alle ûnderdielen binne makke fan hout. Sels de skroef dy't it wetter ferpompt. De mûne stiet der al sûnt de 19de iuw. Begjin 20ste iuw is er twa kear ôfbrând. Nei alle gedachten sil de mûne ien of twa kear yn it jier brûkt wurde.
Thiadrik Twerda © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Dochs kin de mûne noch net draaie. Der is ferlet fan in mûnder. It draaien fan de mûne is nammentlik net sa mar dien. "De mûne leit no noch oan it ketting", seit Twerda.
"Earst moatte der seilen op de wjukken hongen wurde, wêrtroch't de mûne wyn fangt. Dêrnei hellest de ketting fan de wjukken en de peallen ôf. De mûnder soarget der ek foar dat de mûne goed rjochting de wyn stiet, sadat er echt draaie sil. Ek ûnderhâldt de mûnder de mûne en it fjildsje derby."
De skroef bestiet hielendal út hout © Stichting monumenten Waadhoeke
Frijwilligers dy't harren oanmelde, krije dan ek in oplieding. "Je moatte in stevige kursus folgje by it gilde fan Fryske mûnders. Dat duorret ûngefear in jier", seit Twerda.
Dat betsjut net dat frijwilligers pas nei in jier mei de mûne oan de gong gean: "By de kursus krije je begelieding fan in mûnder mei in soad ûnderfining. Je meie ûnder begelieding fan dy betûfte mûnder oan de slach. As je it selsstannich kinne, dan krije je in diploma. Dan is it mooglik om sels de mûne te draaien."