Streek troch Waddenglas: gjin enoarm kassekompleks by Seisbierrum

Waddenglas © Friss
Gemeente Waadhoeke hat de keapoerienkomst mei Friss Holding ûntbûn. Friss woe twa jier lyn it glêstúnbouprojekt Waddenglas yn Seisbierrum keapje en fan Waddenglas it meast duorsume glêsgebiet fan Nederlân meitsje.
Dêrfoar moast Friss de grûn foar 1 oktober ôfnimme, dat is net bard en dêrom wurdt de keapoerienkomst ûntbûn. "Friss hat altyd oanjûn der ljocht in te sjen, mar se krigen de finansiering net rûn", seit ferantwurdlik wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke.

Einkonklúzje is fallen

"We hawwe der in pear kear útstel foar ferliend, want we begripe ek wol dat it yngewikkeld is om soks fan de grûn te krijen. Mar op in bepaald momint moatte je wol witte wêr't je oan ta binne. Nei fjouwer, fiif kear útstel komt der ris in einkonklúzje en dy is no fallen."
Waddenglas waard jierren lyn te keap set troch de gemeente en provinsje. Friss woe der in nij gasleas kassekompleks delsette. "Dat wie dochs wol unyk en dêr woenen we graach oan meiwurkje, mar we krije it net rûn. Dat is spitich", stelt Dijkstra.
Wat der no mei it gebiet barre sil, is noch net bekend. "Der is in lytse kâns op oare foarmen fan glêstúnbou, want dy bestimming leit der no ien kear op. We binne ek dwaande mei in ûndersyk nei in enerzjylânskip en it soe ek werom kinne nei in agraryske wearde."