Provinsje Fryslân leit fergunningferliening foar nije stâlen stil

In emisje-earme stâlflier © ANP
De provinsje Fryslân hat besletten om de fergunningferliening foar nije stâlen stil te lizzen oant 1 jannewaris takom jier. De provinsje hat dit besletten fanwege in útspraak fan de Rie fan Steat oer de saneamde emisje-earme stâlen foar de melkfeehâlderij.
Dy stâlen soene troch technyske ynnovaasjes minder stikstof útstjitte, mar neffens de útspraak fan de rjochter is it ûnwis oft de taseine delgong yn stikstofútstjit ek echt helle wurdt.

'Komt net min út'

Deputearre Klaas Fokkinga wol foarkomme dat de provinsje fergunnings ferlient dy't oanslutend wer oanfochten wurde kinne. Hy fynt it dêrom better om te wachtsjen oant dat der mear dúdlikheid is.
Fokkinga hat ek oare arguminten om de 150 oanfragen dy't ynkommen binne noch even op de planke lizze te litten. "It Aerius-stikstofmjitsysteem wurdt meikoarten fernijd. It is eins altyd sa dat wy by in Aerius-update de fergunningferliening in wykmannich stillizze. Dat komt dus net sa min út."

'Praktyk is oars'

De provinsje Fryslân hat de ôfrûne oardel jier noch sa'n 95 kear tastimming jûn foar de bou fan de twa meast foarkommende emisje-earme stâlflieren. Yn sa'n stâl wurdt de stront skieden fan de kowemiich. Dêrtroch ûntstiet der minder ammoniak en sadwaande is der neffens de leveransiers ek minder stikstofútstjit.
Neffens miljeu-organisaasjes is de praktyk oars. Neffens harren helpt in emisje-earme stâl allinnich as de flier alle dagen geregeld skjinmakke en goed ûnderhâlden wurdt.

Mear dúdlikheid

De lânbou-universiteit fan Wageningen docht op dit stuit ûndersyk nei it effekt fan de emisje-earme stâltypen.
Fokkinga hopet dat dit ûndersyk mear dúdlikheid jout. De provinsje Fryslân hopet nei de jierwiksel mear dúdlikheid jaan te kinnen oer hoe't it fierder giet mei de fergunningferliening op it ûnderdiel stikstof.
Harkje nei deputearre Klaas Fokkinga