FIDEO: Studinten pleatse fernijde klassike ornaminten op stedhûs Ljouwert

In folút út de 3D-printer © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
In bysûndere opdracht foar studinten fan it Friesland College yn Ljouwert. Se mochten de steigers by it stedhûs fan Ljouwert op om 'foluten' te pleatsen. Dat binne spesjale ornaminten op pylders en gebouwen.
De orizjinele foluten fan it stedhûs yn Ljouwert binne al yn de 19e iuw kwytrekke. Buro Erfdiel frege it Friesland College oft sy it gemeentehûs by de hjoeddeistige renovaasje fan nije foluten foarsjen koene. De seis ornaminten binne makke yn de 3D-printer en besteane út materiaal fan recycle PET-flessen.
Studinten pleatse fernijde klassike ornaminten op stedhûs Ljouwert