Fytser út Drachten (67) komt om it libben by ûngelok mei frachtwein

It plak fan it ûngelok © SRFotografie
Nei in ûngelok mei in frachtwein op de Loswal yn Drachten is tiisdeitemiddei in fytser ferstoarn. It giet om in 67-jierrige man út Drachten. Dat meldt de plysje.
Ferskate plysjeauto's, twa ambulânsen, in traumahelikopter en de brânwacht waarden oproppen om help te ferlienen. Nettsjinsteande dy help ferstoar it slachtoffer op it plak fan it ûngelok.
De bestjoerder fan de frachtwein, in 55-jierrige man út Andel, waard oanhâlden. Nei ferhear op it buro is hy wer frijlitten. De sjauffeur wie net ûnder ynfloed.
It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. Dêr wurdt ûndersyk nei dien. De plysje ropt tsjûgen en minsken dy't bylden fan it ûngelok hawwe op om harren te melden.