Tsjil Tsjekt: nij programma foar de boppebou

Tsjil Tsjekt © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân Tsjil komt mei in nij programma foar de boppebou: fan moandei 10 oktober ôf kinne skoalklassen meidwaan oan it ynteraktive programma Tsjil Tsjekt. Njonken it programma sil presintator Raynaud Ritsma ek wer fysyk by skoallen del.
Yn Tsjil Tsjekt nimt presintator Raynaud Ritsma de bern fan de boppebou mei op in klassikale en ynteraktive reis troch tema's dy't oanslute by de leardoelen fan it primer ûnderwiis.
Tsjil Tsjekt is echt wat nijs en wat oars.
Presintator Raynaud Ritsma
Elk programma bestiet út twa dielen fol fideo's, fragen en opdrachten wêrmei't de klasse punten fertsjinje kin en striidt om de award foar de 'Tsjilste klasse fan it jier'. ''Tsjil Tsjekt is echt wat nijs en wat oars, wêrtroch't de deistige saken op skoalle efkes ûnderbrekt, mar dochs hiel learsum is'', seit Raynaud.

Ynteraktyf en aktyf

Njonken it ynteraktive programma giet Raynaud ek fysyk by skoallen del om dêr mei de bern in challange op te nimmen. ''De kombinaasje tusken in programma, ynteraktive opdrachten én in besite oan de skoalle makket dat it echt in belibbing is foar de bern. Dêrtroch bliuwt it se altyd by en hoopje we Fryske edukaasje in moai plak binnen de lessen te jaan.''
Presintator Raynaud Ritsma is moandei 3 oktober start mei in toer by de Fryske basisskoallen del. Mei de toer hat hy wat belangryks achterlitten: de ynlochkoade fan Tsjil Tsjekt. Sjoch hjir hoe't dat gie.
Troch mei te dwaan oan de earste opdracht, meitsje skoallen fuortendaliks kâns om de earste skoalle te wurden dêr't Raynaud de challenge útfieren komt. Ek skoallen dy't noch net de koade krigen hawwe, kinne har oanmelde en kâns meitsje.
Op moandei 10 oktober komt de earste Tsjil Tsjekt online, mei as ûnderwerp de Berneboekwike en 'dyn taal'. Tsjil Tsjekt is in gearwurkingsprojekt mei Cedin en Afûk. Meidwaan kin troch oan te melden fia de webside fan Omrop Fryslân Tsjil.