HEA! Stefan en Mathijs van Kammen by de Roptaboys

HEA! Stefan en Mathijs van Kammen by de Roptaboys
De twilling Stefan en Mathijs van Kammen dogge werklik wier alles tegearre. Sa sitte se ek op fuotbal by de Roptaboys fan Easternijtsjerk en binne se foar de trainer amper út inoar te hâlden.
Stefan stiet foaryn yn it fjild en Mathijs is keeper. De trainer fynt beide jonges tige fanatyk, mar sjocht ek wol wat ferskillen. Stefan is wat pittiger yn de diskusje en Mathijs fynt it al gau goed. Beiden ha it tige nei it sin by de klup, want ek hjir is lekker bûten dwaande wêze wat se graach dogge.