Rintje Ritsma oansteld as bûnscoach teamûnderdielen KNSB

Rintje Ritsma © Orange Pictures
De KNSB hat Rintje Ritsma oansteld as bûnscoach foar de teamûnderdielen. It bûn stelt him oan yn oanrin nei de Winterspelen fan Milaan yn 2026.
Ritsma folget Jan Coopmans op as bûnscoach. As bûnscoach wurdt er ferantwurdlik foar ploege-efterfolging, de massastart en de teamsprint.

Reedrydkarriêre

De 52-jierrige Ritsma jildt as ien fan de suksesfolste langebaanriders dy't Nederlân ea kend hat. Hy waard fjouwer kear wrâldkampioen allround en seis kear Europeesk kampioen. Allinnich olympysk goud ûntbrekt op de list. Hy wûn twa kear olympysk sulver en fjouwer kear brûns.
Ritsma jildt as de grûnlizzer fan it kommersjele reedriden.