Havennetwurk Fryslân wol 'natte economie' sichtberder en duorsumer meitsje

Prinses Margrietkanaal, de brêge by Blauforlaet © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Binnenhavens en de skipfeart yn Fryslân steane foar grutte opjeftes as it giet om duorsumens. Dêroer wurdt tiisdei praat op it sympoasium Strategyske Aginda Havennetwurk Fryslân yn Ljouwert.
Sa moat de ekonomy sirkulêrder wurde, moat rekken holden wurde mei de enerzjytransysje en de stikstofproblematyk. "De doelen rondom de duurzaamheidsopgave zijn natuurlijk heel groot", seit Leontine de Koning, kertiermakker fan Havennetwurk Fryslân.
De havens kinne neffens De Koning ek yn de takomst bydrage oan in sirkulêre ekonomy. "Ondernemers moeten daar samen de schouders onder zetten. Niet alleen, maar met de overheid. Daarvoor hebben we een strategische agenda opgezet, waarbij we ons op een zestal punten focussen."
It giet om punten as de sichtberens foar de "natte economie", it byinoar krijen fan data fan bedriuwen en it finen fan minsken om de doelen helje te kinnen, leit se út.

Regels

Ien fan de saken dy't ferbettere wurde kinne soe, is it ferskil yn regels yn de havens. "Als je in Fryslân vaart als binnenvaartschip, dan heb je te maken met verschillende regels per binnenhaven", seit De Koning. "Het zou heel fijn zijn als je als schipper overal dezelfde regels en dezelfde tarieven tegenkomt."
De haven fan Harns © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ek moat de berikberens fan de havens goed wêze en bliuwe, seit De Koning. As it giet om de farwegen nei Drachten of It Hearrenfean falt der noch in slach te slaan, fynt se. Sa is de farwei nei Drachten op it stuit noch net geskikt foar grutte skippen.
"De provincie heeft aangegeven dat er verschillende belangen zijn. Dat betekent dat er forse discussie over is. Vanuit het havennetwerk en de ondernemers zijn daar grote zorgen over."

Oerienstimming

De partijen dy't tiisdei dielnimme oan it sympoasium wolle allegearre yn grutte linen itselde, seit De Koning. "De 35 partijen hebben aangegeven dat ze met z'n allen achter deze agenda staan. Ze hebben met z'n allen gezegd dat ze willen zorgen dat vervoer over water kan groeien en kan uitbouwen."