Skuorre folslein útbaarnd yn Bakkefean, NL-Alert fanwegen mooglik frijkommen asbest

Yn Bakkefean is in skuorre folslein ôfbaarnd. Twa oare skuorren binne skansearre. By de brân is mooglik asbest frijkommen, dêrfoar is in NL-Alert ferstjoerd.
Oft en wêr't krekt asbest frijkommen is, wurdt no ûndersocht en yn kaart brocht. Om't der meardere skuorren ticht by de skuorre steane waard opskaald nei 'middel brand'. It gong om in útslaande brân. Dat meldt de brânwacht.
Fanwegen it fermoeden fan frijkommen fan asbest is út foarsoarch in ambulânse oproppen. Der binne gjin ferwûnen.