Sam Mebius biedt petysje tsjin besunigjen op medisinen oan yn Den Haag: "Dit is het moment"

Sam Mebius © Eigen foto
In petysje tsjin de foarnommen besuniging fan 140 miljoen euro op medisinen is de ôfrûne tiid mear as 30.000 kear ûndertekene. Inisjatyfnimmer Sam Mebius fan Drachten sil de petysje tiisdei oanbiede oan de Twadde Keamer.
Mebius hat sels diabetes type 1. As de besuniging trochgean, moat hy mooglik oerstappe op oare medisinen. "We krijgen de keuze: of 250 euro bijbetalen of over op het goedkoopste medicijn", fertelt Mebius.
Mar oerstappe op oare medisinen kin net samar, hat er ûnderfûn. "Ik ben eerder dit jaar overgestapt op een ander medicijn, toen heb ik drie weken op bed gelegen. Dus je kan hier wat mij betreft niet één lijn in trekken."

Stipe

Mebius liket in soad meistanners te hawwen, hy krige njonken de 30.000 hantekeningen ek in soad persoanlike ferhalen fan minsken. "Echt honderden verhalen, we hebben een hele map gemaakt. Die proberen we vanmiddag aan Ernst Kuipers te overhandigen." Kuipers is sûnt jannewaris minister fan Folkssûnens.
De Drachtster tinkt dat net langer wachte wurde moat mei it oanbieden fan de petysje. "Dit is eigenlijk het moment, Kuipers heeft toevallig vorige week de Kamer om uitstel gevraagd. Maar uitstel is geen afstel. Een slecht plan moet gewoon afgeschaft worden in plaats van uitgesteld."