Skatkeamer HCL wer iepene mei "snoepkes" út de Fryske skiednis
De Skatkeamer fan it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert is moandei wer iepene. Om minsken de pearels út syn argyf sjen te litten, hat it sintrum al sûnt 2009 in saneamde skatkeamer. Dy keamer is no op 'e nij ynrjochte.
De keamer yn de kelder fan it HCL hat in nije blauwe kleur op de muorren. Yn acht fitrines binne in ferskaat oan opmerklike objekten út de Ljouwerter en Fryske kanon te finen.
Wat ûntbrekt: buordsjes mei útlis. In bewuste kar, seit direkteur Meindert Seffinga: "Der is altiten in gids by. It binne foarwerpen, dêr moatte ferhalen by ferteld wurde. Dan kinst dat der hiel koart by sette, mar dan wist it lekkere ferhaal noch net."
Snoepkes
Neffens Seffinga is it de bedoeling dat de "snoepkes" yn de Skatkeamer rûlearje. Mei sa'n 6 á 7 kilometer oan argyfmateriaal soe dat neffens him gjin probleem wêze moatte. Guon objekten dy't no te finen binne yn de kelder: de dea-akte fan Mata Hari, it wapen fan Idaarderadiel én de kampioensskaal fan Cambuur fan 2013.
Gids Pieter van der Ende hat sa syn eigen favorite objekt: in stimpelkaart fan de Alvestêdetocht fan 1941 fan syn eigen pake. "Mijn pake had die nog in de verzameling. Hij heet ook Pieter van der Ende."