Persoan ferstoarn op de Kloosterhof yn Ljouwert, plysje docht ûndersyk nei oarsaak

© Kappers Media
By in appartemintekompleks oan de Kloosterhof yn it sintrum fan Ljouwert, is fannacht in persoan ferstoarn. Ut it plysjeûndersyk binne gjin oanwizings kaam dat it om in misdriuw gean soe, meldt de plysje.
Om 0.40 oere hinne kaam der by de plysje in melding binnen dat in persoan reanimearre waard. De helpferliening waard opstart, mar dat koe it slachtoffer net helpe. De oarsaak fan ferstjerren is noch net bekend. De strjitte dêr't de persoan fûn is, is ôfsletten foar ûndersyk troch Forinsyske Opspoaring.