Dakken fan monumintale pleatsen wurde opknapt mei stipe fan de provinsje

Boer Henk Kramer fan De Knipe foar syn pleats © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
De dakken fan 31 monumintale pleatsen yn Fryslân wurde meikoarten opknapt. De provinsje stelt dêr mei-inoar 637.000 euro foar beskikber. Wylst in goed dak essinsjeel is foar de útstrieling fan in gebou, is de finansjele drompel faak grut.
It dak fan de kop-romppleats fan melkfeehâlder Henk Kramer yn De Knipe sakket yn en der sit in gat yn. "Regelmjittich fleane de pannen derôf mei hurde wyn en dan moatte je efkes nei boppen", seit de boer. Syn heit begûn yn de jierren '80 mei buorkjen yn de pleats. Syn mem wennet noch yn it foarhûs.
Dakken fan monumintale pleatsen wurde opknapt mei stipe fan de provinsje
De regeling is yntusken, alteast foar dit jier, net mear iepen foar nije ynskriuwing.
Neffens deputearre Klaas Fokkinga krijt erfgoed, leefberens en de omjouwingskwaliteit fan it plattelân in stimulâns troch it opknappen fan dizze dakken. Kramer wol syn gebou benammen behâlde foar de generaasjes nei him.
De steat fan it dak siet him al in skoft dwers, mar no't de provinsje mei stipe komt, kin ek dat oanpakt wurde: "Ik krij sa'n 25.000 euro, mar ik tink dat dit projekt it dûbele kostet."
Oan de hân fan âlde foto's wurdt ûndersocht hoe't de pleats der eartiids útseach. It is de bedoeling dat ek de karakteristike ûlebuorden weromkomme.
Boer Kramer krijt in nij dak