Minister Van der Wal nimt kleau tusken Den Haag en plattelân net wei by besite oan Opsterlân

Besite minister Van der Wal © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Minister Christianne van der Wal fan Natoer en Stikstof wie moandei op besite by boer Sytze Zwaagstra yn Nij Beets. Van der Wal wie dêr om te praten oer de 'gebiedsgerichte' oanpak by it redusearjen fan stikstof. De pleats fan Zwaagstra leit yn de buert fan Natura2000-gebiet.
Yn Nij Beets waard Van der Wal ûntfongen mei spandoeken dy't dêr út protest tsjin it kabinetsbelied ophongen wienen. "Ik wist fansels dat de minister komme soe, dus wy koenen it net litte om wat te dwaan", sei Zwaagstra.
De minister wie likernôch in oere by Zwaagstra op de pleats. Net hiel lang, mar wol lang genôch om alle soargen oan it fuotljocht te bringen. "Wy wolle dat der ynnovearre wurdt yn stee fan sanearre. En we wolle in stikje erkenning foar wat we dogge." Zwaagstra wiist dêrby ûnder mear op it wurk foar it greidefûgelbehear.
Besite fan minister Van der Wal oan Opsterlân
Van der Wal wie útnûge troch de gemeente Opsterlân en nei oanlieding fan in brief fan de provinsje. Fryslân hat witte litten dat gebietsrjochte oanpak fan grut belang is en dat dy oanpak mei 'de Fryske mienskip' útfierd wurde moat.

Enkête

De minister wie ûnder de yndruk fan in inisjatyf wêrby't boeren befrege waarden oer oplossingen fan de problemen dêr't se op dit stuit mei te krijen hawwe. "Dat vind ik echt fantastisch. Eigenlijk zou ieder gebied dit moeten doen: van en door de mensen zelf."
Hielke de Vries is riedslid fan de gemeente Opsterlân en de inisjatyfnimmer fan de petearen mei boeren. Yn totaal binne39 boeren ynterviewd. "Wy preaunen by in protte boeren dat se ree wienen om te wurkjen oan oplossingen foar de problemen dy't op it gebiet fan wetter, stikstof en biodiversiteit op ús ôfkomme", seit De Vries.
It riedslid sjocht kânsen salang't der maatwurk ynset wurdt. "Hast eltsenien wie derfan oertsjûge dat se der fan ûnderop oan meiwurkje wolle. Der moat dan wol konsistint belied út Den Haag wei komme, sadat de boeren ek de romte en de tiid krije om dêryn te ynvestearjen."
Minister Christianne van der Wal © ANP
De tiid kin wolris in ferfelende hindernis wêze. It kabinet wol nammentlik fêsthâlde oan de doelen fan 2030, dy't yn de eagen fan in protte boeren op dy tiidsskaal net te heljen binne. Neffens Van der Wal is der al fierstente lang wachte mei it werombringen fan de stikstofútstjit.

"We hadden eerder moeten ingrijpen"

"Wij hadden als overheid sowieso al veel eerder moeten ingrijpen, dan hadden we niet gestaan waar we nu staan. Dan was de opgave ook veel kleiner geweest. Het gaat al decennia terug. Ik herinner me krantenartikeltjes uit september 1988 waarin werd gezegd: die stikstofuitstoot moet omlaag, want het gaat niet de goede kant op."
De Vries tinkt net dat 2030 hillich is: "It kabinet hat tuskendoelen formulearre foar 2030, mar de natuer lit him net altyd twinge en we sjogge ek dat der hieltyd nije saken op ús ôfkomme. We sjogge ek noch net wat de ynfloed fan de oarloch yn Oekraïne is. Dat kin aanst noch wolris gruttere ympakt hawwe as de diskusje dy't wy op dit stuit fiere."

Opkeap noch gjin sukses

Ut in rapport fan it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL) docht bliken dat it opkeapjen fan boeren noch net in soad opsmiten hat. It binne benammen de âldere boeren sûnder opfolger dy't ynteressearre binne yn útkeap.
"Wij vinden het heel erg belangrijk dat opkoop op basis van vrijwilligheid gebeurt. Dan zullen we met elkaar moeten bekijken hoe we naar een situatie gaan dat we vanuit de gebiedsprocessen de vrijwillige opkoop weten te motiveren", seit Van der Wal dêroer.
Boer Zwaagstra tinkt der yn elts gefal noch net oer om him opkeapje te litten, wylst hy op mar in pear meter fan in Natura2000-gebiet sit. "Wy hawwe in moai plak, we hawwe it hjir goed foar elkoar. Dan tink ik: moat ik hjir wei? Dat sjoch ik fuort noch net barren."

Falske hoop

Van der Wal fûn de besite oan Nij Beets nuttich. Se nimt nei eigen sizzen wer wat mei. Van der Wal koe de boeren yn Opsterlân noch net op harren gemak stelle. "Ik wil geen valse hoop geven: ik kan nooit zeggen: het komt wel goed met u."
Boer Zwaagstra lûkt de konklúzje dat der noch hieltyd sprake is fan in ferskil tusken Den Haag en it plattelân. Hy hat lykwols ek wat posityfs heard. "As se mei maatwurk komt, dan tink ik wol dat der saken binne dy't we foar elkoar krije kinne. It tiidspaad nei 2030 liket my wol ûnmooglik."