Piet Adema op Lânbou: foar guon in ferrassing, foar oaren in logyske kar

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de oanstelling fan Piet Adema © Omrop Fryslân
It is yn Den Haag goed stilhâlden dat âld-ChristenUniefoarsitter Piet Adema út De Wylgen de nije minister fan Lânbou wurdt. Polityk ferslachjouwer Onno Falkena leit út wêrom't der foar de Fries keazen is.
Dat de ChristenUnie by de kar net oer ien nacht iis gien is, stiet fêst. Adema syn foargonger Henk Staghouwer stapte begjin septimber al op. Yn de wiken dêrnei hat partijlieder Gert-Jan Segers yntinsive petearen fierd om in nije minister te finen. Foar de bûtenwrâld mei de namme Adema miskien ûnwennich klinke, binnen syn eigen partij stiet hy neffens Falkena bekend as in swiergewicht.
Hoe logysk is it dat de ChristenUnie by Piet Adema útkommen is?
"As partijfoarsitter wie Piet Adema alle wiken oanwêzich by it 'bewindsliedenoverleg' fan syn partij. Hy is dêrtroch goed bekend mei de Haachske polityk en mei de drege dossiers, lykas dat fan de lânbou. Adema leit goed yn syn eigen partij en der wurdt ek nei him harke.
It leit dan ek foar de hân dat Gert-Jan Segers by syn syktocht nei in nije minister fan Lânbou ek mei Adema praat hat. Hy hat net fuortendaliks 'ja' sein tsjin it fersyk fan Segers om Staghouwer op te folgjen. Segers hat echt op him ynprate moatten. De partijlieder is bliid dat er it docht en winsket him no in soad wiisheid en Gods seine ta."
Partijlieder Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie © ANP
Hoe bedarre Adema as deputearre yn it provinsjaal bestjoer fan Fryslân?
"Dat wie yn 2007 wol in ferrassing, want de ChristenUnie hie earst in oare kandidaat-deputearre. Mar by de ûnderhannelingen oer it nije kolleezje klikte it hiel goed tusken listlûker Anita Andriesen fan de PvdA en listlûker Piet Adema fan de ChristenUnie.
Adema krige doe de fraach: 'Wêrom wurdsto sels gjin deputearre?' Adema hat dêr krekt foar de ynstallaasje posityf op reagearre en sadwaande waard hy de earste deputearre fan de ChristenUnie yn Fryslân. Dêrmei waard Sicco Boorsma út Dokkum as kandidaat-deputearre passearre."
Reaksjes fan Fryske promininten op it oanstellen fan Piet Adema as nije Lânbouminister:
Reaksjes op it oanstellen fan Piet Adema
Hat Adema bettere papieren om yn Den Haach te slagjen as syn foargonger Henk Staghouwer?
"De Grinslanner bakker en âld-deputearre Henk Staghouwer is in aardige man, mar dêrmei rêde je it net yn de Haachske polityk, al hielendal net op it ministearje fan Lânbou.
Piet Adema is om te begjinnen in maklike prater en dy kwaliteit sil er ek nedich hawwe yn in krityske Twadde Keamer. Adema begjint fierder op in spannend momint oan syn nije baan, want no woansdei presintearret kabinetsadviseur Johan Remkes syn rapport oer de oanpak fan de stikstofproblemen.
Op dit stuit hingje noch in hiel soad flaggen op de kop by wize fan boereprotest tsjin it oerheidsbelied. Adema moat mei oare wurden fol oan de bak.
Polityk ferslachjouwer Onno Falkena oer it oanstellen fan Piet Adema
It is dêrby Adema syn ferantwurdlikheid om de boeren wer perspektyf te jaan en om de relaasje tusken de oerheid en de lânbousektor te ferbetterjen. Dy relaasje is min troch de stikstofoanpak en troch de problemen mei de derogaasje.
Adema hat woansdei sein dat der wis wol 'takomst is foar boeren' yn Nederlân. Hy mei de kommende moannen besykje om dy wurden wier te meitsjen. It komt dêrby net allinnich op wurden oan, mar ek op dieden. Boeren wurde foar harren gefoel te faak konfrontearre mei hieltyd wer nije regels. Sy wolle graach foar de langere termyn witte wêr't se oan ta binne.
As it Adema slagget om wer wat rêst oan it boerefront werom te bringen, dan hat er it goed dien. Mar op dit stuit hingje rûnom yn Nederlân en ek yn Fryslân noch in hiel soad flaggen op de kop by wize fan boereprotest tsjin it oerheidsbelied. Adema moat mei oare wurden fol oan de bak."
Protestflaggen © ANP
Wannear belibbet Adema syn debút yn de Twadde Keamer?
"Adema is moandei as minister beëdige troch kening Willem-Alexander en dêrmei fuortendaliks ferantwurdlik as minister fan Lânbou. Hy mei dêrom woansdei gelyk nei de Twadde Keamer foar in kommisjegearkomste oer gewaaksbeskerming en glyfosaat. Dêr kin hy dan syn earste fisitekaartsje ôfjaan oan lânbouspesjalisten as Caroline van der Plas fan de BBB en Laura Bromet fan GrienLinks, om in pear politike tsjinpoalen te neamen.
Adema sil him goed troch syn amtners tariede litte op it debat, mar hy sil ek dúdlik meitsje moatte dat er in man mei in miening en in fyzje is dêr't de boeren saken mei dwaan kinne en dy't net allinnich de sprekpop fan syn amtners is. Dat is Adema wol tabetroud, mar lânboupolityk kin knap yngewikkeld wêze. Hy sil hurd wurkje moatte om him goed yn te lêzen en in line te finen dy't yn de Twadde Keamer én yn de lânbousektor op genôch stipe rekkenje kin."
No is Lânbou ien fan de dreechste ministearjes om te bestjoeren op dit stuit. Wêrom docht Adema dit?
"De partijtop hat in berop op him dien en as âld-partijfoarsitter koe Adema dêr net samar oan foarbygean. Mar Adema is ek in skerp waarnimmer dy't wit wat der yn syn partij libbet. It betsjut mei oare wurden dat hy romte sjocht om boeren wer perspektyf te jaan en de minne relaasje tusken de lânbousektor en de oerheid te ferbetterjen.
Hy sil dat dwaan moatte yn gearwurking mei minister Van der Wal fan Natuer en Stikstof, dy't net folle kredyt hat by de boeren. It wurd 'útdaging' is yn dit ferbân in eufemisme. It minste dat je fan Adema sizze kinne, is dat hy net benaud is, mar de wiisheid dy't partijlieder Segers him tawinsket, sil hy wol nedich hawwe."