Tsjil Tsjekt is nij, ynteraktyf programma oer de Fryske taal foar bern út de boppebou

Fideo's, fragen en opdrachten wêrmei't skoalklassen punten fertsjinje kinne. Dat is it nije programma Tsjil Tsjekt fan Omrop Fryslân. It programma is bedoeld foar bern út groep 7 en 8, dy't dêrmei op in ynteraktive wize mei de Fryske taal dwaande binne.
Presintator Raynaud Ritsma giet by skoallen del om dêr mear oer te fertellen. Elk programma bestiet út twa parten en presintator Raynaud is dêryn te sjen. "Ik sit om it samar te sizzen by harren yn 'e klasse. Ik stel de fragen en sy kinne online it antwurd jaan en dan sjogge se fuortendaliks of it goed of ferkeard is. Dêr kinne se 'pompy's' mei fertsjinje. Dat binne pompeblêden", seit Ritsma.
Mei Fryske taal dwaande yn de boppebou
Mei dy punten geane skoalbern de striid mei elkoar oan om oan de ein fan it jier de 'tsjilste' klasse te wurden. Ritsma: "Wat we berikke wolle, is dat bern lekker Frysk prate yn de klasse, want dat is belangryk. En dat se op in aardige wize mei de taal dwaande binne".
Op moandei 10 oktober komt de earste Tsjil Tsjekt online, mei as ûnderwerp de Berneboekewike en 'dyn taal'. Tsjil Tsjekt is in gearwurkingsprojekt mei Cedin en Afûk. Boppedat hat Tsjil Tsjekt in dúdlike keppeling mei Spoar 8 en Tsjil magazine.