Nije minister Adema hie twivels fanwege feiligens fan húshâlding
Piet Adema, de nije minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit, hie twivels oer it oannimmen fan syn nije amt. De reden hjirfoar wie de bedrigingen dêr't hy en syn húshâlding mooglik mei te krijen hawwe soenen.
Foar syn beëdiging helle hy ûnder oare it ynsidint mei stikstofminister Christianne van der Wal oan. Relskoppers sammelen har dizze simmer by har hûs. Dat sette him oan it tinken. Adema (ChristenUnie) waard moandei beneamd as minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.
Sprutsen mei de húshâlding
De Drachtster hat in soad praat mei syn húshâlding. "Maar ik ben ervan overtuigd dat dit nodig is om nu de stap naar voren te zetten."
De plannen om it stikstofnivo flink te ferminderjen, sette kwea bloed by in soad boeren. Adema seit 'wissichheid, rêst en dúdlikheid' biede te wollen oan de agraryske sektor.
Henk Staghouwer
Henk Staghouwer, Adema syn foargonger, lei ûnder fjoer yn de Twadde Keamer. Syn perspektyfplannen wienen neffens guon ûnder de maat. Dêrnei duorre it trije wiken foardat de ChristenUnie in opfolger fine koe.