FUMO kin mei 'droneboat' wetterstannen op ôfstân mjitte

Sa'n boat wurdt meastal brûkt troch karperfiskers om karpers te spotten © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Omjouwingstsjinst FUMO hat in op ôfstân bestjoerbere boat. Net om mei te boartsjen, mar om de djipte fan de wetterboaiem te mjitten.
Yn de oranje moarnssinne tusken de flarden mist op it wetter, komt de op ôfstân bestjoerbere boat nei de wetterkant. It apparaat liket op in soarte fan hightech curlingstien. It is de nije boat fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).
By bygelyks it baggerjen fan sleatten of it oanlizzen fan fivers, mei net te djip groeven wurde. Oars kin it grûnwetter skansearre wurden. Dizze boat makket it makliker om te kontrolearjen oft minsken harren oan de regels hâlden.
De 'droneboat' fan de FUMO mjit de djipte fan it wetter
"Wy koenen foarhinne net echt de djipte fan de wetterpartijen mjitte", seit Roelof Zijlstra, tafersjochhâlder by de FUMO, "Dat dienen wy hjirfoar noch mei in mjitlint en in smytangel mei in djiptemeter. No ha we troch dit boatsje in hiel goed byld fan de wetterboaiem."
Roelof Zijlstra fan de FUMO © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Projekten dy't net djipper as 2 meter gean, meie dat sûnder fergunningen. Dêr wurdt sa no en dan wol oerhinne gien. Mei dizze boat kin better kontrolearre wurde oft minsken har oan de regels hâlde.
Zijlstra: "Der sit maritime technology ynboud. Dêrtroch kinne wy mei sonar de wetterboaiem en de djipten yn kaart bringe. Dat kinne wy yn 3D útdraaie."
Farre mei it boatsje © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Op dit stuit oefenet de FUMO noch mei de nije apparatuer. It boatsje hat by de testen wat in eigen wil, mar it slagget wol om de wetterdrone goed ûnder kontrôle te krijen. "Wy binne noch wat oan it pionierjen. It soarget derfoar dat we mei de tiid meigean. No binne wy hielendal by de tiid om oan kwaliteitsbewekking te dwaan."