Wolvestek Fryslân hat syn nocht: fyftich hynders jeie 'wolf' út provinsje wei

Wolvenhek Fryslân wol it bist de provinsje út hawwe © ANP
Wolvenhek Fryslân wol de wolf út de provinsje ha. Dêrom organisearje se op 8 oktober in symboalyske aksje yn Gaasterlân wêrby't fyftich hynders it bist ferjeie.
De maat is nammentlik fol, seit Jehan Bouma fan aksjegroep Wolvenhek Fryslân. "Earst wiene allinnich skiep it slachtoffer fan de wolf. Mar no't der roedels yn it Drents-Friese Wold sitte, wurde ek kij en hynders oanfallen. It wurdt slimmer en giet gau de ferkearde kant op."

Kop yn it sân

BIJ 12 fersoarget út namme fan 'e provinsjes de bedriuwsútfiering fan 'e wolf. Ek hâldt se by hoe faak de wolf fee oan fallen hat. "Mar dêr falt wol wat op ôf te tingjen. Men kin ôfgean op dy sifers, mar de werklike skea is slimmer. Want elke melding komt net by BIJ 12 telâne."
Bouma krijt deistich foto's tastjoerd fan tatakele skiep, kij of hynders. "Dêr wurde je echt siik fan. Hielendal om't de polityk de kop yn it sân stekt."

Hynders yn Gaasterlân

Om in statement te meitsjen, organisearret Wolvenhek Fryslân in 'symboalyske fjildslach'. Dy fynt plak yn Gaasterlân. De wolf wurdt útbylde mei tal fan spandoeken, dy't troch sa'n fyftich hynders út Fryslân 'ferdreaun' wurdt.
"It is inkeld bedoeld om de minsken wekker te skodzjen. Want as je dit op syn berin litte, ha we aanst gjin fee mear yn Fryslân", beslút Bouma.
Om net te folle bekyks te lûken, fertelt de aksjegroep in dei yn it foar wat de lokaasje is.