Biltsk wurdboek tenei online te rieplachtsjen

© Omrop Fryslân
It Biltske wurdboek is no ek online te rieplachtsjen. Yn 2013 ferskynde it Woordeboek fan 't Bildts yn in ferbettere en oanfolle edysje fan it wurdboek fan 1996.
De útjouwer Bildtse Boekerij wurket yn dit projekt gear mei BildtTaal en skriuwer Sytse Buwalda.
"Wij leven in 'e tiid fan internet en soa hope wij dat 't jongereand faker wat opsoekt. Dat sille se online eerder doen as fysyk 'n woordeboek krije", seit Sytse Buwalda. Hy hopet sa ek wat bydrage te kinnen oan it behâld fan de taal. Der komt ek noch in sykfunksje op.
Buwalda is ek dwaande om in taalsearje te ûntwikkeljen. "Dat binne handige boekys om wat in op te soeken. D'r binne nou twee ferskenen, een is 'n woordelist Nederlâns - Bildts met 22.000 woorden." Syn moaiste wurd is 'betúltsy', wat 'sabeare' betsjut.
It Biltsk hat in eigen stavering en in wurdboek. Dit jier komt der ek noch in grammatika oan.
Sytse Buwalda
Besjoch it online wurdboek. De ynformaasje wurdt geregeld oanfolle. Op de website binne ek tsientallen lêsboeken foar bern en folwoeksenen online te finen, krekt as toanielstikken en cd's fan koaren en korpsen.