Piet Adema fan De Wylgen wurdt de nije minister fan Lânbou

Piet Adema (argyffoto) © ANP
Piet Adema (57 jier) fan de ChristenUnie wurdt de nije minister fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit. Adema folget Staghouwer op, dy't begjin septimber opstapte. Syn plan foar de takomst oan de boeren waard net goed ûntfongen.
Yn it parseberjocht fan syn partij seit Piet Adema: "De landbouw hééft toekomst in ons land. Ja, er moeten dingen anders en de meeste veehouders, akkerbouwers, tuinders en vissers weten en willen dat ook. Maar zij hebben wel duidelijkheid, rust en zekerheid over de toekomst nodig, alleen dan kan het vertrouwen in de overheid ook weer groeien. Ik wil sámen met de sector werken aan toekomstbestendige landbouw, waar we de komende decennia mee vooruit kunnen. Mét oog voor natuur, klimaat en waterkwaliteit. Dat is geen gemakkelijke opgave, maar ik weet zeker dat we als we goed samenwerken, we het dan ook echt aankunnen."
Piet Adema fan De Wylgen wurdt de nije minister fan Lânbou
Hy is hjoed beneamd op foardracht fan syn eigen partij. Premier Mark Rutte is bliid dat mei de beëdiging fan Adema "het team weer compleet is".
Adema wie fan 2007-2011 deputearre yn Fryslân. Letter wurke er by de gemeenten Achtkarspelen, Tynaarlo en Borger-Odoorn as waarnimmend boargemaster. Hy wie tusken 2013 en 2021 partijfoarsitter fan de ChristenUnie. Hy is foarsitter fan Schoonmakend Nederland, ûnder oare lid fan MKB-Nederlân en lid fan it algemien bestjoer by VNO-NCW.
De post fan Staghouwer waard waarnommen troch vicepremier Carola Schouten.
Adema is de tredde Fries yn it kabinet, nei Aukje de Vries (steatssekretaris Sosjale Saken) en Dennis Wiersma (minister fan Underwiis).