Pikante plaatsjes tusken it fee: fjouwer Friezen op nije boer(inn)ekalinder

Aafke út Droegeham © Rachel Bosman
Boeren komme dit jier benammen yn it nijs fanwege de stikstofdiskusje. Tiid om agrariërs ris op in oare wize yn it ljocht te setten, tochten de makkers fan de jierlikse boerekalinder.
Hjiryn wurde heal klaaide boeren en boerinnen ôfbylde yn har wurkomjouwing. In 'luchtich' ljochtpuntsje yn swierdere tiden dus. It is de tolfde edysje fan de boerinnekalinder, en de fiifde fan de boerekalinder. Dit jier is Fryslân mei fjouwer modellen fertsjinwurdige: twa manlike en twa froulike modellen.
Jan Auke út Aldegea © Agne Kuceviciute
It is neffens kalindermodel Jan Auke fan Aldegea in manier om ris op in lossere wize te kommunisearjen. Op dizze manier sprekt er him út tsjin de stikstofmaatregels. "Maar", sa seit er mei klam, "we moeten samen het gesprek blijven aangaan. Focussen op wat wel kan."
Arjen út Aldegea © Agne Kuceviciute
Kalindermakker Stef Boslo is wiis mei it resultaat. Hy wit dat soksoarte inisjativen gefoelich lizze by de woke- en de me too-beweging. "Het lijkt wel alsof iedereen daardoor op eieren loopt als het over controversiële onderwerpen gaat. Zo ook bij onze sexy kalenders."
Marianne út Penjum © Rachel Bosman
Jierliks komme der hûnderten oanmeldingen fan boeren binnen foar de kalinder. "Zij worden vrijwillig en vol trots, schaars gekleed gefotografeerd willen worden om hun sector te promoten. Dit heeft niets met seksuele intimidatie te maken", seit Bosloo. "Op het platteland zijn mensen gelukkig nog wat meer wars van betutteling."