Dichter Tsead Bruinja stalt ynklusive blomlêzing gear mei ek Frysk wurk

Tsead Bruinja © Omrop Fryslân
Dichter Tsead Bruinja hat in ynklusive blomlêzing gearstald mei romte foar safolle mooglik talen, streektalen en dialekten. Der sit ek wurk yn fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga (1949-2013).
Yn de tiid dat er Dichter des Vaderlands (2019-2020) wie, hie er him dat foarnaam. Syn seleksje begjint yn 1945 en giet oer poëzy dy't skreaun is binnen it Keninkryk fan de Nederlannen. Der is poëzy út Yndonezië, Suriname en fan de Antillen, mar ek gedichten fan nije Nederlanners út it Midden-Easten en Súd-Amearika.
Mei de blomlêzing wol Bruinja in oare blik op de Nederlânske poëzy biede. Yn oare belangrike blomlêzingen ûntbruts de Fryske en Antilliaanske poëzy.
Tsead Bruinja: "Irakezen, Iraniërs, Amerikanen en oaren ha yn Nederlân wurk makke dat mei ús te meitsjen hat. Dat gruttere ferhaal ûntbrekt oant no ta yn de blomlêzingen. 'Us' literatuer is dy fan Remco Campert, Tjitske Jansen en Radna Fabias, mar ek dy fan Tsjêbbe Hettinga, Jan Glas en Nydia Ecury, van Mowaffk Al-Sawad en Mia You.'"
Tsead Bruinja waard berne yn Rinsumageast yn 1974. Sûnt 2000 publisearre er ferskate bondels yn it Frysk en Nederlânsk. De bondel De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie ferskynt 8 novimber.