Kledingbus Súdwest Fryslân siket frijwilligers mei grut rydbewiis

De bus yn Boalsert © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De Kledingbus Súdwest Fryslân siket frijwilligers mei in grut rydbewiis. De omboude stedsbus rydt troch de gemeente Súdwest-Fryslân om yn kontakt te kommen mei minsken mei in smelle beurs. Se kinne fergees klean en skuon útsykje.
Achteryn de bus is in kofjehoekje ynrjochte. "Doelstelling is om de koffiehoek optimaal te gebruiken, mensen moeten zich vooral uitgenodigd voelen om hier hun verhaal te kunnen doen", seit Kees van Kordelaar, inisjatyfnimmer fan de bus. "Ik denk dat mensen daar in deze tijd behoefte aan hebben."
De kofje stiet klear yn de bus © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
No't alles djoerder wurdt, is der echt ferlet fan de Kledingbus. Aukje Hoogma wie ferline wike foar it earst yn de bus. "By de kleanbank hawwe se myn maat net, ik bin nochal út 'de kluiten gewassen'." Klean keapje kin sy net. "Ik moat rûn komme fan fyftich euro wyks."
Mei frijwilligers wurde de klean útsocht © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De bus draait op frijwilligers, dat binne gastfroulju, mar der binne ek sjauffeurs nedich mei in grut rydbewiis. Rienk Harkema is sjauffeur op de bus en docht dat mei in protte wille. "Wy dogge graach wat foar de minsken. En yn in bus ride fyn ik moai om te dwaan."
Rienk Harkema is sûnt it begjin as frijwilliger sjauffeur © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
No't der gatten falle yn it frijwilligersskema, slagget it net om de bus de wyklikse rûte ride te litten. En dan steane minsken wolris fergees te wachtsjen. "Ferline wike hiene we gjin sjauffeur, dus koe de bus net ride", fertelt frijwilliger Elly Hettinga, "Dus we ha sjauffeurs nedich en ek gastfroulju."
Kledingbus SWF siket frijwilligers