Foarstelling Wat Soesto! fan Freark Smink giet nei Italië

Affysje fan de foarstelling Wat Soesto! © Pier21
De foarstelling Wat Soesto! krijt in ferfolch oer de grins. It stik sil takom jier ek yn Noardeast-Italië spile wurde, yn de minderheidstaal Friûlysk.
De lêste foarstelling yn it Frysk is snein spile: it wie de 80e foarstelling en it siet alle kearen sawat fol. It is in ûnderwerp dat in soad minsken yn de besnijing hâldt, dat hat alles te krijen mei de aktualiteit fan it tema: de stikstofkrisis en de takomst fan de boeren.
Akteur Freark Smink hat is stik sels skreaun. Hy spilet it mei syn frou Klaasje Postma. It giet oer it boerelibben en is basearre op ferhalen út it eigen libben fan Smink, dy't boeresoan is.

Italiaanske delegaasje

In pear moanne lyn wie der in Italiaanske delegaasje by ien fan de Frysktalige foarstellings en se wiene entûsjast, sa fertelt Smink. It is no oerset nei it Friûlysk en sil takom jier septimber hjir opfierd wurde.
"It is in gebiet yn it noarden fan Italië, boppe Venetië tsjin de grins fan Slovenië en Eastenryk oan. Sa'n 700.000 minsken sprekke dizze minderheidstaal en it is in agrarysk gebiet."
Ek binne der petearen mei it teäterfestival Karavaan yn Noard Hollân om it stik dêr yn it Nederlânsk te dwaan.
Freark Smink sjocht werom én foarút op syn stik Wat Soesto!
Omrop Fryslân hat de lêste foarstelling fan Wat Soesto! dy't spile waard yn it Posthuistheater op It Hearrenfean opnaam. It wurdt meide krystdagen útstjoerd op telefyzje.