Keninklike earepinning foar 100-jierrich Stedelijk Muziekkorps Sneek

Boargemaster Jannewietske de Vries oerlanget de earepenning oan foarsitter Bob Somsen © GrootSneek, Henk van der Veer
Fanwege it 100-jierrich bestean hat Stedelijk Muziekkorps Sneek sneontejûn de Keninklike Earepinning takend krigen. It korps waard 100 jier lyn oprjochte as opfolger fan it Sneeker Muzykcorps, dat doe opheft waard.
De pinning waard útrikt troch boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat die se by de fiering fan it jubileum.
Op dyselde jûn waard ek de dirigint fan it korps keninklik ûnderskieden. Tseard Verbeek waard beneamd ta Lid in de Orde van Oranje Nassau.