'Unseen': it begjin fan in nij libben foar fotograaf Ydwer van der Heide

Fotograaf Ydwer van der Heide © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
Dat in dwerslaesy net de ein fan in karriêre hoecht te wêzen bewiist de 43-jierrige fotograaf Ydwer van der Heide mei syn fotoboek 'Unseen.' 15 jier lang reizge de âld-Snitser de wrâld oer.
Dat die er foar grutte merken as Red Bull, om foto's te meitsjen fan it kitesurfen. Van der Heide wenne ek yn Hurdegaryp en Ljouwert.
Mei syn freon Bas Koole ûntduts hy yn it wetter fan Warkum en Koarnwertersân syn passy foar surfen en foar it meitsjen fan foto's. Koole krige in ynternasjonale kitesurfkarriêre en Van der Heide waard profesjoneel fotograaf.
Fotograaf Ydwer van der Heide moast in oare draai oan syn libben jaan
Op in febrewarisdei yn 2021 feroare lykwols it libben fan Van der Heide, doe't hy by it surfen foar de kust fan syn wenplak Noordwijk fan syn planke foel.
Hy fielde pine yn 'e nekke en koe net mear bewege. Freonen hellen him út it wetter en soargen dat hy nei it sikehûs koe. Dêr waard in dwerslaesy fêststeld, fan ûnder it boarst. Alles ûnder de sechsde wringe wurkte net mear goed.

Refalidearje en weromsjen

Nei in lange perioade fan refalidaasje kin Van der Heide wer in pear stappen sette efter in rinrek. Ek krige hy mear krêft werom yn de hannen. It wie foar him in momint om yn syn argyf te dûken. Ut de tûzenen foto's dy't hy 15 jier lang makke, socht hy de platen dy't hy oars nea útsocht hie.
Fotograaf Ydwer van der Heide © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
"Ik keek heel anders naar de foto's die ik jaren maakte voor grote merken. Daar moest het merk in beeld staan. Nu zag ik veel meer van de natuurpracht en de gezichten van de mensen", seit er.

Twadde libben

Mei syn freondinne wennet Van der Heide op in pear hûndert meter fan it strân fan Noordwijk. Hy kin de see sjen en rûke út syn appartemint wei. "Ik heb het nooit vervelend gevonden om terug te gaan naar de zee. Ik heb ook niet het gevoel dat mij iets is afgenomen door de zee. Ik word er op een bepaalde manier zelfs rustig van."
Fotograaf Ydwer van der Heide © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
Mei syn spesjale strânrolstoel ('de tank') komt hy geregeld by de surfklup yn Noordwijk om by syn freonen te sjen. Hy makket ek wer foto's en bewurket foto's foar bepaalde kitesurftydskriften.
It boek 'Unseen' is foar Van der Heide in reis nei it begjin fan in nij libben. "Ik zie het ongeluk niet als een einde, het is een kans om een nieuw leven te beginnen. Ik ontdek weer nieuwe dingen die ik kan doen en waar ik goed in ben." Grutte doel is om ea wer mei in surfplanke it wetter op te gean.
It boek © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
Yn desimber is der in boekpresintaasje yn Kaapstad by it grutste kitesurfevenemint fan de wrâld. Dan is der ek in útstalling mei de foto's te sjen. Op ydwer.com is it boek te bestellen en ek guon kitesurfwinkels ferkeapje it boek.
Yn dizze earste oere fan Buro de Vries sit de reportaazje oer Ydwer van der Heide
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêren, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.