PvdA-listlûker Edou Hamstra: partij hat net goed hannele yn kwestje Arib

Edou Hamstra (PvdA Fryslân) © PvdA Fryslân
Neffens listlûker Edou Hamstra fan de PvdA yn de Fryske Steaten hie de PvdA mei in statement komme moatten om harren stipe foar Khadija Arib út te sprekken.
Hamstra die dy útspraak yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries, dêr't se mei Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) en Steatelid Albert van Dijk (Forum voor Democratie) diskusjearre oer it nijs fan de ôfrûne wike.
Edou Hamstra is goed te sprekken oer de brief dy't leden fan de oare partijen yn de Keamer skreaun ha. Yn de brief wurdt frege om opheldering. Leijten, Omtzigt, Marijnissen, Ouwehand, Van der Plas en Pouw-Verweij ha it deistich bestjoer fan de Keamer in ultimatum steld. Uterlik moandei om 13:00 oere moat it presidium dúdlikheid jaan oer de gong fan saken.
Hamstra neamt dit in moai gebeart dat tsjûget fan ferbining yn de Twadde Keamer. Mar "dêrneist hie de PvdA sels mei in statement komme moatten dat we efter Arib stean". Neffens Hamstra is it wol logysk dat der net nammen fan PvdA-leden ûnder de brief stean om it suver te hâlden. Mar dat de PvdA fersomme hat om ek sels mei in statement te kommen, is 'spitich' sa seit Hamstra.
Ald-Keamerfoarsitter Khadija Arib is út de Twadde Keamer stapt. Ofrûne wike lekte fia NRC út dat it presidium in ûndersyk ynstelt nei Arib foar grinsoergeand gedrach. Arib hie it doe oer in 'dolksteek' troch de hjoeddeistige Keamerfoarsitter - en foarsitter fan it presidium - Vera Bergkamp.
Tjeerd de Groot fynt it in drama foar Arib, dy't hast 25 jier yn de Keamer sitten hat. Dochs begrypt er de stappen fan it presidium wol. "Als er klachten zijn over grensoverschrijdend gedrag moet je die als werkgever serieus nemen en Vera Bergkamp neemt die verantwoordelijkheid. Dat staat los van het feit dat hoe alles gegaan is, heel akelig is".

Timing

Hamstra jout oan dat se twivels hat oer de timing fan 'it lek'. "Bergkamp lei ûnder fjoer as foarsitter nei har optreden tidens de Algemiene Skôgings, doe't Baudet syn taspraak hold en it hiele kabinet fuortrûn. Dêr wie in soad kommoasje oer en krekt dan is der ynienen in lek dat der in ûndersyk komt. It is wer in sinjaal fan Den Haag dat it kwa kommunikaasje net lekker giet en dêr binne hieltyd persoanen it slachtoffer fan".
Harkje hjir nei Edou Hamstra en Tjeerd de Groot oer de kwestje 'Arib'
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.