Wêrom't Forum net hastich ynset op enerzjytransysje, mar D66 en PvdA wol

Albert van Dijk, Edou Hamstra en Tjeerd de Groot © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De enerzjytransysje jaget minsken op kosten, fynt Albert van Dijk fan Forum voor Democratie. Tjeerd de Groot fan D66 is it dêr net mei iens. Krekt de hege prizen fan fossile brânstoffen soargje foar earmoed, seit hy.
"De enerzjyrekken is gjin natuerferskynsel, mar in dúdlike kar yn belied. It kostet astronomysk hege bedraggen", sa sei de fraksjefoarsitter fan Forum voor Democratie yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Albert van Dijk fynt it ferbân tusken de gasprizen en de oarloch yn Oekraïne ûnsin. "Wy hawwe sels foar in hege rekken soarge troch de kar te meitsjen om de enerzjytransysje oan te gean. Mar ek troch it Grinslanner gasfjild te sluten."
Fraksjefoarsitter Edou Hamstra fan de PvdA hat dêr hiel oare ideeën oer. "Der is mar ien ferantwurdlik foar in oarloch en dat is de partij dy't binnenfalt. Dat kinst de minsken yn Grinslân echt net oandwaan."
Mynbouskea yn Grinslân © ANP
Hamstra fynt dat der gjin gas mear wûn wurde moat yn Grinslân. Ek boppe Skiermûntseach op see nei gas boarje is neffens har de oplossing net. "Wy moatte sa fluch as mooglik fan it gas ôf en oant dy tiid minsken kompensearje."

Enerzjyrekken

Van Dijk leaut net dat de opwaarming fan de ierde yn minskehannen leit. "En ek al soene je leauwe dat minsken ynfloed hawwe op klimaatferoaring, dan noch moatte je je ôffreegje wat wy dêr oan feroarje kinne. Lit stean in lyts lân as Nederlân. Mar je jeie minsken der wol mei yn earmoed."
Wat minsken de earmoed yn jaget, binne de prizen fan fossile brânstoffen, seit Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot yn syn wjerwurd. "De mensen die nu al hebben geïnvesteerd in een warmtepomp en zonne-energie, die hebben nu een lage energierekening. Klimaatverandering wordt door de mens veroorzaakt."
De minske hat dêrom ek in ferantwurdlikens om de opwaarming te beheinen, sa fynt de D66'er. "Laten we ons stinkende best doen om ervoor te zorgen dat onze kinderen en kleinkinderen nog in Fryslân kunnen blijven wonen."

Hamstra: kabinet moat op it Noarden ynsette

Edou Hamstra fynt dat it lânsbestjoer folle mear op it Noarden ynsette moat. "Want úteinlik helje wy hjir de enerzjy wei, mar hjir steane ek de minst isolearre huzen. Minsken hawwe hjir de measte lêst fan de enerzjyrekken. Dêr mei yn Den Haag wol mear omtinken foar wêze. De prioriteit moat op it Noarden om't hjir de swierste lêsten lizze."
De Groot kin him dêr wol yn fine. "Want als je kijkt naar sommige wijken in Leeuwarden, dan moet daar het eerst worden ingegrepen."
Ljouwert hat wiken dêr't minsken minder jild te besteegjen hawwe © ANP
Van Dijk pleitet krekt foar it op 'e nij iepenjen fan it gasfjild yn Grinslân."En soargje dat wat der út de grûn komt ek yn it foardiel fan de Grinslanners wurdt. Dat it nei oare lannen giet, dat is skrinend. It gasfjild iepenje kin in útkomst wêze foar de Grinslanners. Sy wolle ek waarm sitte yn de winter."

De Groot: 'Forum destabilisearret'

De Groot fynt dat Forum voor Democratie mei har stânpunten de polityk oan it destabilisearjen is. "Partijen zoals Forum lijken niet zo geïnteresseerd in bijdragen aan de democratie in Nederland."
Hy wiist ek op de bydrage fan partijlieder Thierry Baudet oan de algemiene skôgings, dy't neffens De Groot 'beledigend' wie en 'buiten de discussie over de belangrijke problemen' foel. Van Dijk fûn it ferhaal fan Baudet krekt tige ynhâldlik.
"Wy binne just dwaande mei it fersterkjen fan de demokrasy. It is ien fan de grûnbegjinsels dêr't wy yn 2017 mei begûnen oan de ferkiezingen", seit Van Dijk. "Je kinne it der oer hawwe dat Sigrid Kaag op in bepaalde universiteit sitten hat, mar de skôging wie folle breder as dat. De minsken dy't fuortrûn binne, hawwe dat grutter makke as it wie."