De Stadskas yn Ljouwert feroaret yn De Broeikas: poadium foar jonge makkers

Real Farmer © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
It is in opfallende ferskining yn it sintrum fan Ljouwert: de Stadskas. It glêzen gebou stiet de kommende twa wiken mei kulturele programmearring tsjinoer it stedhûs. Ek de Westertsjerke wurdt as poadium brûkt.
Festival De Broeikas trape sneontejûn ôf en yn it lêste wykein dat de kas der stiet, fynt festival Explore the North hjir plak.
De Stadskas yn Ljouwert feroaret yn De Broeikas: poadium foar jonge makkers
De Broeikas is in festival dêr't 'young professionals' in poadium krije. Lykas Iris Dicke, dy't in spoken word-optreden hie yn de kas. De band Real Farmer trede op yn de Westertsjerke en keunstner Hannes Schievink toande in ynstallaasje mei film.
In grut part fan de dielnimmende keunstners folgje in trajekt by it Kultuer Kollektyf, dat noch net sa lang bestiet.
In oantal kulturele organisaasjes lykas Tryater, Explore the North en Popfabryk wurkje hjiryn gear. Doel is om jonge talinten nei in heger plan te tillen en se in poadium te jaan mei De Broeikas.