FIDEO: Tsjerketsjinst út de Ontmoetingskerk yn Oentsjerk wei
Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Dizze kear kaam de tsjinst út de Ontmoetingskerk yn Oentsjerk wei.
De tsjinst waard fersoarge troch de Protestantske Gemeente Ryptsjerk. Foargonger fan de tsjinst wie dûmny Peter Pit. Oargelist wie Sebastiaan Schippers en der wie muzikale meiwurking fan Audrey Stielstra.
De liturgy fan de tsjinst is hjir te finen.