Bestjoerder lit auto dwers op de autodyk efter, nei ûngelok foar akwadukt Ljouwert

Sa stie de auto der by © CAMJO media
In automobilist is sneintemoarn ier en betiid tsjin in fangrail botst op de N31, by Ljouwert. Om't der allerhanne auto-ûnderdielen op de dyk bedarren, moast de autodyk in skoftke ôfsletten wurde.
De auto ried yn 'e rjochting fan it suden en kaam flak foar it Richard Hageman Akwadukt ta stilstân, op hichte fan Ritsumasyl.
Doe't de plysje by de auto kaam, troffen sy gjin minsken mear oan. De auto wie nei it ûngelok efterlitten en in oare bestjoerder warskôge de helptsjinsten. De auto stie dwers op de autodyk en soarge dêrmei foar in gefaarlike situaasje.
De plysje hat in sykaksje op tou set om yn de omjouwing te sjen oft der noch minsken wiene, mar dat hie gjin resultaat. Likegoed de auto as de fangrail rekke flink skansearre. Sneintemoarn is der ien rydstripe ôfsletten by it akwadukt foar de spoedreparaasje fan de fangrail.