Twa Fryske frachtweinsjauffeurs yn 'e prizen by lanlik feilichheidskampioenskip

Jelmer Stoker (yn it midden) krijt syn priis útrikt © TVM Awards
Twa Fryske frachtweinsjauffeurs binne sneon yn 'e prizen fallen by de lanlike TVM Awards yn Assen. It giet om Jelmer Stoker fan Haskerhoarne en Kevin van der Velde út Damwâld.
Stoker hat it NK feilichste sjauffeur 2022 wûn. Op it TT-sirkwy fan Assen wie er de bêste fan tweintich finalisten. Neffens de sjuery wie Stoker him konstant bewust fan syn omjouwing, bleau er rêstich en fierde er de finale-opdrachten perfekt út.
Nei fiif proeven wiene der noch trije finalisten oer. Op it finaleparkoers waard behindichheid keppele oan feilichheid en op dat ûnderdiel bleau Stoker syn konkurrinten foar.
Kevin van der Velde (links) útroppen ta ridder © TVM Awards
Frachtweinsjauffeur Van der Velde krige de TVM Award Ridder útrikt. Hy sette yn maaie syn frachtwein dwers oer de rydbaan op de A32 by Willemsoord om in slachtoffer fan in ûngelok te helpen. Sa koe er slimmer leed foarkomme.
Doelstelling fan de TVM Awards is it befoarderjen fan feilich rydgedrach ûnder alle dykgebrûkers.