Tialda Hoogeveen folget Lida Dijkstra op as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

Tialda Hoogeveen © Joke Schut
Tialda Hoogeveen is de kommende twa jier de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Dat is freed bekend makke by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk.
Hoogeveen is sjoernalist, redakteur en skriuwer fan boeken foar bern en folwoeksenen. Ek wurke se in tal jierren as Schoolschrijver by Fryske basisskoalen. Koartlyn hat se in Oekraynsk printeboek yn it Frysk oerset, dat de titel Maia en har freonen krige, en ferskynde fan eigen hân it berneboek Abe en de Aardichman.
Fan jannewaris ôf sil Hoogeveen yn har rol as ambassadeur it Fryske berneboek promoatsje. "Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei-elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan."
Hoogeveen is de opfolger fan Lida Dijkstra, dy't yn jannewaris 2020 as earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân ynstallearre waard. De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan de organisaasje Boeken fan Fryslân.