Jentsje Popma wie in man mei in misje: soargje dat it natuerlânskip bliuwt

Jentsje Popma en Jan Henk Hamoen fan Nijkleaster (argyffoto) © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Jan Henk Hamoen betinkt keunstner Jentsje Popma (1921-2022) benammen as in man mei in dûbelde misje. "Hij gaf het landschap weer zoals hij het beleefde, mar riep ook alertheid op voor de kwetsbaarheid ervan."
Popma ferstoar woansdei, op 100-jierrige leeftiid. Hamoen skreau net allinne it libbensferhaal fan Popma op, mar is ek behearder fan it wurk fan Popma dat by Stichting Nijkleaster is. Hamoen hopet dat Fryslân soarchsum mei de neilittenskip fan Popma omgiet.

In keunstner mei in misje

Popma wie in man mei in misje, seit Hamoen. Hy woe oproppe om soarchsum te wêzen foar de natuer. Popma is wol portretearre as 'fleurige ûnheilsprofeet.' Hy skildere koalsie en blauwe drúfkes yn prachtige felle giele en blauwe ferve, syn lânskippen wiene tige kleurryk.
Jentsje Popma is op 100-jierrige leeftiid ferstoarn
Mar it boadskip dêrmei wie foaral: soargje derfoar dat it bliuwt. Dat sjogge je op it earste each net, want Popma skildere net in desolaat, mar in prachtich lân.

Soargje foar de natuer

De heak om Ljouwert, de grutte dyk dy't oanlein waard, wie Popma dan ek in stikel yn 'e foet. Alle fûgels giene dêrtroch fuort, sa konkludearre er. Hy hie it faak oer it 'produksjelânskip' fan hjoed-de-dei. Al yn de jierren tachtich wie er dêr fan bewust.
Popma woe net in lânskipsskilder neamd wurde, seit Hamoen. Want dat wie te romantysk. Hy hie in boadskip en wie dêrom net sa sjarmearre fan de -ismen dy't op syn keunstwurken plakt waarden.
Part fan in skilderij fan Popma © Stifting Nijkleaster
De lêste moannen brocht Popma yn soarchsintrum Greunshiem troch. Hamoen kaam noch wol del, mar Popma waard âld en syn skerpte wie fuort. De moaiste oantinkens hat Hamoen oan de tiid dat Popma noch yn syn eigen hûs yn Ljouwert wenne.
Jan Henk Hamoen oer Jentsje Popma