Dit jier foel mear as 1.000 kear in trein út by Arriva yn Fryslân

© Omroep Zilt, Simen Hofman
Yn ús provinsje binne dit jier goed 1.000 treinritten fan Arriva skrast. It gie benammen mis op it spoar nei Grins, dêr foelen oant en mei augustus mear as 500 treinen út.
Yn 589 gefallen lei de skuld net by Arriva, sa jouwe Arriva en de provinsje Fryslân oan nei fragen fan Omroep Zilt. Yn dy gefallen leit it faak oan de ynfrastruktuer: bygelyks in stikkene brêge of wiksel.

Syktefersom en krapte

Arriva koe der by 474 lykwols wól wat oan dwaan. As treinen defekt wiene, mar ek by personielskrapte. Arriva wrakselet noch hieltyd mei in heech syktefersom nei de coronaperioade.
Fanwegen de krapte hat de ferfierder dit jier op ferskate trajekten de tsjinstregeling ôfskaald. Dy ritten binne net meinaam yn de sifers, om't dizze útfal fier yn 't foar oankundige wurdt.
Goed in moanne lyn joech Arriva oan dat it noch hieltyd puzeljen wie om de krapte op te fangen. Der wiene benammen problemen mei de beskikberens fan masinisten. Dat hie ek mei corona te krijen: guon wiene lang siik en troch corona waarden operaasjes en opliedingen fan personiel útsteld.
Yn de simmer is ek de tsjinsregeling oanpast fanwegen de krapte oan personiel. Sa ried der sneons alle oeren mar ien sneltrein fan en nei Grins, wylst it oars twa wiene. Op it lêste momint bussen ynsette slagge ek net altyd, om't it ek dêr krap wie.

Foaral Ljouwert-Grins

It giet foaral mis op it trajekt tusken Ljouwert en Grins: dêr foelen 298 sneltreinen en 280 stoptreinen út dit jier.
Drokte op it treinstasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ek op it trajekt nei Harns wie útfal: 237 kear gie de trein net. Tusken Ljouwert en Starum foelen 163 ritten út en nei Snits kaam it 85 kear foar. Yn totaal giet it om 1.063 útfallen treinen yn de provinsje (dat is ynklusyf it trajekt nei Grins).

Busútfal

Arriva is ek ferantwurdlik foar it busferfier. Oant en mei augustus is it 2.250 kear foarkaam dat in bus net ried. Yn 1.485 gefallen lei dat oan Arriva. Hast 400 fan de ritten foelen út op 3 juny, doe't der staakt waard troch personiel.