No en Dan, hâlde fan de ierde

Murk Nijdam, de bekende 'skriezeboer' fan Wommels, wol dat syn lân op syn minst 100 jier beheard wurdt sa't hy no docht. Hy hat gjin opfolger, mar hat al syn lân oerdroegen oan Stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân. Mei it each op de takomst.
FryslânDOK No en Dan diel 3, 'Leafde'
Sneon 1 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling snein 2 oktober 13.20 oere)
Snein 2 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Jonge strânljip © Jan Bensliman
Doel fan Nijdam is dat de skriezen en oare greidefûgels dêr in gaadlik plak hâlde. De melkfeehâlder hie ien grutte soarch, dat syn lân ea oernaam wurde soe troch in yntinsive boer. En dat der fan syn greidefûgelparadys neat oerbliuwe soe.
Roman Krznaric yn de ekokatedraal fan Mildaam © Jan Bensliman
De Australyske filosoof Roman Krznaric skreau in toansettend boek: 'The good ancestor.' Alle fraachstikken oer in ûnwisse en soms bedriigjende takomst wurde troch Krznaric werombrocht ta de kearn: besykje yn al dyn hanneljen in goeie foarâlder te wêzen.
Ofrûne hjerst wie Krznaric yn Nederlân, en FryslânDOK spruts mei him oer syn ideeën.
De gemeenteried komt byinoar yn 'Bosk' © Jan Bensliman
Yntusken kuiere it 'Bosk' stadichoan fierder troch Ljouwert, om te einigjen by de Aldehou.
Ynspirearre troch Bosk naam de Ljouwerter gemeenteried in moasje 'takomsttinken' oan, dêr't de riedsleden harsels opdrage om ien kear yn it jier in dei mei-inoar nei te tinken oer de lange termyn.
Boartsje yn 'Bosk' © Jan Bensliman
Komponist Hoite Pruiksma skreau in muzykstik 'It lân fan no', ynspirearre op in tekst fan skriuwer en aktivist Aggie van der Meer (95). It stik is in oade oan it lân, dat yn stilte de tiid nimt en jout. Om 'ien yn wêzen en bestean' te wêzen.
It lân fan no, Hoite Pruiksma © Jan Bensliman